Theo Molkenboer (skilder)

Ut Wikipedy
Selsportret, 1896

Theodorus Henricus Antonius Adolph Molkenboer (Ljouwert, 23 febrewaris 1871 - Lugano (Switserlân), 1 desimber 1920) wie in Nederlânsk skilder, en wurke as boukundich tekener, byldhouwer, portretskilder, kostúmhistoarikus, grafikus, ûntwerper en boekbânûntwerper.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy wie de âldste soan fan byldhouwer / tekener Willem Molkenboer en Marie Derkinderen, de suster fan byldzjend keunstner prof Antoon Derkinderen. Hy wie de broer fan de keunstners Anton en Phemia Molkenboer en fan de Vondelkenner prof. Bernard Molkenboer.

Theo Molkenboer studearre yn 1891-1892 oan de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam. Hy krige dêr ûnder oaren les fan syn omke Antoon Derkinderen en fan Gerrit Willem Dijsselhof. Yn 1890 waard hy ûnderskieden mei de Willink van Collen priis.
Yn 1891 studearre er ôf oan de - troch syn heit oprjochte - Ryksnormaalskoalle foar tekenûnderwiis ôfd. Boukunde en rjochtlinich tekenjen. Yn datdelde jier helle hy de MU-akten foar hântekenjen, en foar bou- en wurktúchboukundich tekenjen. Fan 1890-1892 wurke hy yn it atelier fan Dr. Pierre Cuypers, arsjitekt yn Amsterdam, as boukundich tekener.

Fan 1892-1896 wie hy direkteur eigener fan de tekenskoalle Hendrik de Keijser. Hy naam ek as lid fan de Rykskommisje foar MU-akten eksamens ôf foar tekenfakken.

Dêrnei wurke hy ûnder mear as keunstniverder, benammen as artistyk lieder foar it Petielfabryk Holland yn Utert fan 1901-1904. Hy skildere, tekene, etste en litografearre in soad portretten fan bekende persoanlikheden yn syn tiid. Yn neifolging fan syn broer Anton luts hy yn 1909 nei de Feriene Steaten, dêr't beide in soad opdrachten krigen. Molkenboer skildere dêr ûnder oare in portret fan de destiidske presidint William Howard Taft. Yn 1913 kaam er werom nei Nederlân.

Theo Molkenboer ferstoar yn 1920 op 49-jierrige leeftiid oan tuberkuloaze, yn in sanatoarium yn Agra (Lugano, Switserlân).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Molkenboer, A.C.M., en J. Leyten. Het geslacht Molkenboer. Steensel, 2005
  • www.kunstbus.nl