Taunusstein

Ut Wikipedy
Taunusstein
Flagge Wapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Hessen
Lânkring Rheingau-Taunus-Kreis
Sifers
Ynwennertal 30.507 (maaie 2021)/small>
Oerflak 67,03 km²
Befolkingstichtens 449 / km²
Hichte 393 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 50° 8´N 8° 9´E
Webside taunusstein.de

Taunusstein is in gemeente yn de Rheingau-Taunus-Kreis yn de Dútske dielsteat Hessen. It gemeentehûs stiet yn it stedsdiel Hahn.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd Taunusstein ûnstie yn it ramt fan de weryndielingen yn Hessen op 1 oktober 1971 troch de gearfoeging fan de oant dan selstannige gemeenten Bleidenstadt, Hahn, Neuhof, Seitzenhahn, Watzhahn en Wehen. Sûnt die tiid mei Taunusstein himsels stêd neame. Op 1 july 1972 waarden de gemeenten Hambach, Niederlibbach, Orlen en Wingsbach by Taunusstein yndield.

Yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Taunusstein-Bleidenstadt

Taunusstein bestiet út tsien stedsdielen:

Stedsdiel Ynwennertal
Statistyk 2021
Bleidenstadt 8046
Hahn 7257
Wehen 7224
Neuhof 3504
Seitzenhahn 1333
Orlen 1187
Wingsbach 748
Niederlibbach 525
Hambach 392
Watzhahn 291
Meiïnoar 30.507

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Slot Wehen
Sint-Piter op de Berch

Museum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1995 waard it Stadtmuseum Taunusstein iepene yn it kastiel fan Wehen. De klam leit op de wat jongere skiednis fan de regio, lykas foar, yn en nei de Twadde Wrâldkriich en útstallings oer de tiid fan de earste helte fan de 20e iuw. Dêrnjonken foarmje de útstallings yn de rige "Kunst im Schloss" mei hjoeddeiske keunst út de regio en dêrbûten in wichtich tema fan it museum.

Protestantske tsjerke fan Wehen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard yn 1810-1812 boud mei stiennen fan de âlde stedsmuorre en poarte. It histoaryske oargel is ien fan de seldsume oargels fan Heinrich Voigd dy't yn orizjinele steat bewarre binne. It waard yn 1890 boud foar de âld-katolike parochy fan Wiesbaden en yn 1899 oankocht troch Wehen. Yn oktober 1999 waard it oargel yn de oarspronklike steat werom brocht.

Eardere kleaster mei tsjerke fan Bleidenberch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De eartiidske kleastertsjerke en hjoeddeiske katolike parochyttsjerke Sint-Ferrutius hat in heechgoatysk tabernakel fan sânstien, in doopfont út 1696, in letbarokke Madonna en in barok oargel. Yn de toer hingje klokken út 1309 en 1411.

De protestantske tsjerke fan Bleidenberch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hjoeddeiske protestantske Sint-Piter op de Berch (St. Peter auf dem Berg) fan Bleidenberch wie oant 1530 in katolike parochytsjerke. It is it âldste stiennen monumint fan it stedsdiel. It ûnderste diel fan de toer is romaansk.

Zugmantel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Castellum Zugmantel wie in romeinsk castellum dat ûnderdiel foarme fan de Obergermanische Limes, sûnt 2005 UNESCO-wrâlderfgoed.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.