Tanganjikamar

Ut Wikipedy
Lizzing Tanganjikamar
Tanganjikamar

De Tanganjikamar[1] is in grut mar yn Sintraal-Afrika (3°20' oant 8°48' ZB en 29°5' oant 31°15' EL). Der wurdt oannomd dat de mar de op ien nei âldste (en op ien nei djipste) mar fan de wrâld is, nei de Baikalmar yn Sibearje.[2]

Lizzing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De mar leit binnen de Westlike Slinke fan de Grutte Slinke en wurdt troch de bercheftige wannen fan de delte ynsluten. It is de grutste slinkemar yn Afrika en de op ien nei grutste mar fan it kontinint. It is de djipste mar yn Afrika en befettet op de Baikalmar nei de grutste hoemannichte fan swiet (alkalysk) wetter. It rint oer in lingte fan 673 km yn noard-súd-rjochting en is trochsneed 50 km breed. De mar hat in oerflak fan 32.900 km², in ouwerlingte fan 1.828 km, in trochsneed djipte fan 570 m en in maksimum djipte fan 1.470 m (yn it noardlike bassin) en befettet ± 18.900 km³ wetter. De grutte djipte en de tropyske lizzing fan de mar ferhinderje "omsetting" fan wettermassa, wat betsjut dat in soad fan de legere djipten fan de mar saneamd "fossyl wetter" is, en anoksysk is (dus gjin soerstof befet).

De mar wurdt fiede mei wetter troch meardere streamkes en rivieren yn de reintiid, dizze fieding is lykwols mar tydlik. De wichtichste rivieren, dy't de mar ek nei de reintiid fiede, binne de Malagarazy(Tanzania), de Rusizy (Boerûndy), de Lûkûga (Kongo) en de Lûfûbû (Sambia). De Lukuga is de ienige rivier wêrlâns de mar ôfwettert. It wetterpeil fan de mar hat grutte skommelingen ûndergien, soks is te sjen oan de ôfsetting op de stienten lâns de kustline fan de mar. De Russizy (Boerûndy) rivier bringt it wetter fan de Kivûmar nei de Tanganjikamar, dit rivierwetter is ryk oan mineralen en sedemint en hat dêrtroch fuort ynfloed op de gemyske tastân fan it alkalyske marwetter.

De mar is ferdield tusken de fjouwer omlizzende lannen: Boerûndy, Kongo-Kinshasa, Tanzania en Sambia, wêrby't Kongo-Kinshasa (45%) en Tanzania (41%) de mearderheid fan de mar besitte.

Fiskers op de Boerûndyske igge fan de mar

fisken en fiskerij[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fisk yn de mar is in grutte boarne fan proteïne foar de lokale befolking. Begjin 21e iuw binne sa'n 45.000 minsken direkt belutsen by de fiskerij. Hast achthûndert plakken en om de ien miljoen minsken binne ôfhinklik fan de fiskers. De kommersjele fiskerij begûn healwei de jierren fyftich fan de tweintichste iuw en hat in swiere ynfloed op de fisksoarten hân dy't yn it iepen wetter en/of in de djipte fan de mar libje. Yn 1995 wie de totale fangst ± 180.000 ton. De eardere yndustriële fiskerij, dy't yn de jierren tachtich in hege flecht naam, is letter ynstoarten. Opmerklik is it game-fishing op marfallen, tilapia's en oare grutte soarten fisk. Dy foarm fan "sport" wurdt op de mar benammen dien troch (rike) expats en magnaten.

De mar stiet by akwariumhâlders ek bekend om syn ferskaat oan soarten fisk, dêr't in protte fan tsjintwurdich faak hâlden wurde yn akwaria. In soad soarten sichliden (wêrûnder mûlebrieders, hoalebrieders, en, endemysk yn de mar, skulpebrieders), marfallen, iel en in inkele killyfisk wurde troch de lokale befolking fongen mei spesjale netten, sadat se net beskeadige reitsje, en wurde eksportearre nei in soad lannen yn de wrâld. De mar waard foar it earst ûntdekt troch Europeanen yn 1858 doe't de âlde ûntdekkingsreizgers Richard Burton en John Speke sochten nei de boarne fan de rivier de Nyl. Speke socht dêrnei fierder en fûn de wiere boarne, de Victoriamar.

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Lake Tanganyika


  1. Dit artikel of in eardere ferzje is in gedieltlike oersetting fan it artikel Lake Tanganyika fan de Ingelske Wikipedia.
  2. Zambia Tourism: Lake Tanganyika.