Taeke Schuilenga

Ut Wikipedy
Taeke Schuilenga
Monumint yn it Tiesingaboskje

Taeke Schuilenga (Surhústerfean, 29 oktober 1878 - Easterwâlde, 4 novimber 1943) wie in koekefabrikant en ynfloedryk ynwenner fan Surhústerfean, dy't slachtoffer waard fan de Aksje Sulverdin.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Taeke Schuilenga wie it twadde bern en de twadde soan fan Djoerd Jans Schuilenga en Elizabeth Taekes Postma, yn in húshâlding mei trije jonkjes en trije famkes. Op 21 maart 1906 boaske er mei Engeltje Hendriks Bos. Hja krigen tsien bern, Elisabeth, Tryntsje, Djoerd, Pieter, Janke, Jan, Harm Egbert, Edziena, Aaltje, en Etje. Taeke waard bakker en waard yn rin fan tiid direkteur-eigener fan it bak- en koekefabryk De Bijenkorf. Hy wie ek mei-oprjochter fan de Spaar en Voorschotbank en wie fierders ek drok foar it doarp.

Yn 1930 ferstoar syn âldste dochter Elisabeth. Krekt foar de oarloch, op 11 april 1940 ferstoar Taeke syn frou. Yn 1941 waarden de Schuilenga's fêstnaam foar harren ûndergrûns wurk. Taeke waard lykwols op boarchtocht frijlitten om't syn wurk yn de itensfoarsjenning lei.

It ferset besocht op 30 oktober 1943 om de NSB-er Pier Nobach dea te sjitten, mar troch in ferwikseling waard Nobach syn soan deamakke. As wraak waard Schuilenga oanwiisd foar Aksje Sulverdin. Op 4 novimber waard er foar ferhoar meinaam nei Ljouwert. Doe waard er foar fierder ferhoar nei it Scholtenhuis yn Grins brocht, en doe't dat foarby wie waard er meinaam nei de omkriten fan de Fochtel, delsketten en yn in sleat efterlitten.

Op dat plak, it Tiesingaboskje tusken Easterwâlde en Feanhuzen, is in monumint ta syn neitins oprjochte, mei de tekst

HJIR FOEL
TROCH LEFFE
MOARDNERS HÂN
FOAR
FRIJDOM, RJOCHT
EN HEITELÂN
T. SCHUILENGA
SURHÚSTERFEAN
4 NOV. 1943.

Yn syn wenplak Surhústerfean hat de Taeke Schuilengaleane syn namme. Hy is ien fan de trije kriichslachtoffers út it doarp, dy't neamd wurde op de tinkstien yn de Feanster Toer.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]