Swarthalsdûker

Ut Wikipedy
swarthalsdûker

simmerkleed

winterkleed
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift dûkereftigen (Podicipediformes)
famylje dûkerfûgels (Podicipedidae)
skaai dûkers (Podiceps)
soarte
Podiceps nigricollis
Brehm, 1831
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel

     wintergast
     dwaalgast


De swarthalsdûker (Podiceps nigricollis) is in dûker út deselde famylje as de hjerringslynder.

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In folwoeksen swarthalsdûker is mei sa'n 30 oant 35 sm krekt lytser as in Markol. Hy waaget tusken de 250 en 600 gram. Lykas de Toefdûker hat de Swarthalsdûker giele earplûmen, mar is te underskieden troch syn swarte hals, wylst de Toefdûker in readbrune hals hat.
Yn syn winterkleed hat de fûgel donkere fearren, op de ûnderkant wat ljochter.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De swarthalsdûker komt foar yn Noard-Amearika, Jeropa en Aazje, dit binne allegear trekfûgels. Yn Amearika oerwinterje de fûgels meast oan de kust fan de Stille Oseaan, yn Jeropa oerwinterje in protte fûgels oan de Middellânske See. De swarthalsdûker komt ek yn Súd-Afrika foar, hjir is der gjin trekfûgel. Dizze soart hat yn tsjinstelling ta de oare fûgels gjin winterkleed.


Fuortplanting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lykas de hjerringslynder makket de Swarthalsdûker in driuwend nêst, hy docht dit lykwols faak yn lytse koloanjes, oant sa'n hundert nesten ta. It wyfke leit meast fjouwer aaien, dy't nei sa'n trije wiken brieden útkomme. De jongen bliuwe nochris trije wiken by de âlden foardat se harsels rêde kinne. De swarthalsdûkers bringe faak twa nêsten mei jongen grut yn in jier.

Aaien fan 'e swarthalsdûker.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]