Strân Nulde

Ut Wikipedy

Strân Nulde is in swim- en surfplak oan it Nuldernauw, op de hichte fan de buorskip 't Oever (gemeente Putten).

Yn de simmermoannen wurdt Strand Nulde besocht troch in protte deirekreänten. It strân wurdt beheard en eksploitearre troch Leisurelands. Alle jierren yn july wurdt op dit strân in Trekker trek-wedstriid holden, de Beach Pull.

Yn 2001 kaam it strân yn it nijs fanwegen de fynst fan in lichemsdiel. It gie om in famke fan fjouwer jier út Doardt dat bekend wurde soe as 'it famke fan Nulde' en troch in misdriuw it libben ferlear.