Steaten fan Fryslân

Ut Wikipedy
It Lânskipshûs, lange tiid plak fan gearkomste om temin romte yn it Steatehûs.
It Steatehûs, stie wyls bekend as 'Het Collegie'.

De Steaten fan Fryslân binne de folksfertsjintwurdigers dy't nei ûngefear 1500 it bestjoer en wetjouwing regelje yn Fryslân. De namme Steat komt fan it wurd 'status' of 'stân'. De Steaten besteane út ôffurdigen fan bepaalde stannen (fgl. de 'hegere stannen'). De Steaten fan Fryslân hawwe sit oan de Twibaksmerk yn Ljouwert.

Nei de opstân, yn 'e tiid fan de Republyk, ferlear de geastlikheid har stim yn de Steaten. De trije kertieren fan Fryslân: Eastergoa, Westergoa en Sânwâlden beholden harren stim en de alve Fryske stêden krigen nei 1578 mei-inoar ien stim. In kolleezje fan Deputearre Steaten waard yn 1577 ynsteld en hie it deistich bestjoer yn hannen. In nije kommisje, it Mindergetal, rôp de Steaten gear en makke de aginda en resolúsjes.

De Steaten fan Fryslân wienen gearstald út ôffurdigen fan de 30 gritenijen en fan de 11 stêden: Starum (1118), Harns (1234), Drylts (1268), Ljouwert (1285), Dokkum (1298), Boalsert (1455), Hylpen (1372), Frjentsjer (1374), Warkum (1399), Sleat (1426) en Snits (1456).

Der wienen trije amtlike funksjes: sekretaris, twadde sekretaris (1770-1771) en griffier (fan 1785 ôf).

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • J.I. Israel (2008): De Republiek / druk 6: 1477-1806 Uitgeverij Van Wijnen ISBN 9789051943375