Spanbroek

Ut Wikipedy
Spanbroek
Eardere riedshûs
Eardere riedshûs
Emblemen
Polityk
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Opmar
Sifers
Ynwennertal 4.725 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 11,31 km², wêrfan
- lân: 11,23 km²
- wetter: 0,08 km²
Oar
Postkoade 1715
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 41 'NB, 4° 57 'EL
Offisjele webside
Doarpspried Spanbroek-Opmar
FB-side Doarpsried Spanbroek
Kaart
Spanbroek (Noard-Hollân)
Spanbroek

Spanbroek is in plak yn 'e Noard-Hollânke gemeente Opmar. De buorskip De Kaach wurdt sjoen as ûnderdiel fan Spanbroek.

Spanbroek hat 4.725 (1 jannewaris 2023) ynwenners.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Spanbroek krige yn 1414 stedsrjochten. Ynearsten krige Spanbroek dy stedsrjochten in jiermannich mei oare doarpen lykas Opmar.

Oant it begjin fan 'e 20e-iuw wie Spanbroek in plattelânsdoarpke, dat sûnt de jierren 1960 mei nijbou útwreide waard. Tsjin 'e ein fan 'e 20e iuw wie Spanbroek fêstgroeid oan Opmar, mar fral oan 'e súdlike bûtenrâne hat it doarp noch in lanlik karakter.

Oant 1 july 1959 wie Spanbroek in selsstannige gemeente, dêr't ek Sânwerven by hearde, mar de boargemaster waard dield mei it oanbuorjende Opmar. Ek Noard-Spierdyk en Sudermar makken in skoftke diel út fan dy gemeente Spanbroek.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De eardere herfoarme tsjerke.

De Herfoarme tsjerke en it riedshûs binne boud yn 1598. De politikus-skriuwer Bernardus Bosch (1746-1803) hat in skoft yn 'e tsjerke preke. Yn 'e letgoatyske tsjerke, dy't oarspronklik wijd wie oan Bonifatius, is in grêfmonumint út 1668 fan 'e byldhouwer Rombout Verhulst. It gebou wie as tsjerke oant 1989 yn gebrûk en waard dêrnei oerdroegen oan in stifting.

De neogoatyske Bonifatiustsjerke is in trijeskippige, katolike krústsjerke út 1909, dy't in âldere 19e-iuwske tsjerke ferfong.

De polder Westerfear wie de lêste Noard-Hollânske polder, dy't op wynkrêft bemealle waard. De poldermûne 'De Westerveer' út 1873 stiet oan 'e Zomerdijk bûten it doarp.

Yn 'e buorskip De Kaach stiet westlik fan it doarp oan 'e Nieuweweg de 'Kaagmolen', in poldermûne út 1654.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: