Sokrates

Ut Wikipedy
Sokrates
persoanlike bysûnderheden
echte namme Σωκράτης ("Sokrates")
nasjonaliteit Ateensk
berne 469 of 470 f.Kr.
berteplak Alopeke (Atene)
stoarn 399 f.Kr.
stjerplak Atene (Atene)
etnisiteit Gryksk
wurkpaad
berop/amt mitselder
aktyf as filosoof
reden
  bekendheid
meast ferneamde filosoof út
   de Aldheid

Sokrates (Aldgryksk: Σωκράτης, "Sokrates"; útspr.: ['sɔ:kratɛ:s], "sôkratês"; Alopeke, 469 of 470 f.Kr.Atene, 399 f.Kr.) wie de earste fan 'e trije ynfloedrykste filosofen út 'e Grykske Aldheid (njonken Plato en Aristoteles). Hy wurdt beskôge as ien fan 'e grûnlizzers fan 'e Westerske filosofy, ek al hat er sels gjin geskriften neilitten en komt alles dat oer him bekend is, út 'e twadde hân, fan syn learlingen Plato en Ksenofon en út 'e toanielstikken fan syn tsjinstanner Aristofanes. Sokrates is sadwaande in wat riedselich figuer, mei't ûndúdlik is hoefolle fan him oft ûnbeneamd bliuwt yn 'e oerlevere beskriuwings, krekt sa't by de betrouberheid fan dy beskriuwings fraachtekens set wurde kinne. Tradisjoneel is Sokrates benammen ferneamd as betinker fan 'e sokratyske metoade, dêr't er de earste mei wie dy't it hanneljen fan 'e minske sintraal stelde yn syn wrâldbeskôging, fanút de fraach: hoe moatte wy sa ferantwurdlik mooglik libje?

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Biografyske ynformaasje oer Sokrates is ôfkomstich út trije boarnen: de geskriften fan syn learlingen Plato en Ksenofon, dy't him beide like hawwe te ferearjen, en de toanielstikken fan syn tsjinstanner Aristofanes, dy't him mei sin ôfrinne liet. It is mar gehiel de fraach oft it byld dat troch dy boarnen fan Sokrates foar it neislachte bewarre bleaun is, wol oerienkaam mei de wurklikheid, nammenste mear om't net ien fan 'e trije boarnen ek mar yn it minst objektyf neamd wurde kin. Om in foarbyld te jaan: yn Aristofanes syn komeedzje Nefēlai ("Wolkens"), wêrfan't de earste, ferlern giene ferzje datearre út 423 f.Kr., wurdt Sokrates ôfskildere as in soarte fan harlekyn, dy't syn learlingen learde hoe't se mei in omhaal fan wiis lykjende wurden ûnder har skulden útkomme koene sûnder dy te beteljen. Men giet derfan út dat dit in parody op 'e wiisgear is, dy't net letterlik bedoeld wie.

In búste fan Sokrates.

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sokrates waard yn 469 of 470 f.Kr. berne yn Alopeke, op it grûngebiet fan 'e stêdsteat Atene. Hy hearde ta de stamme Antiochis. Syn heit wie Sofroniskus, in byldhouwer en/of mitselder, en syn mem wie in froedfrou dy't fan Fainarete hiet. As folwoeksene troude Sokrates mei in faam dy't Ksantippe hiet. It wie gjin lokkich houlik, mar likegoed waarden der trije soannen út berne: Lamprokles, Sofroniskus en Meneksenus.

Yn 't earstoan fertsjinne Sokrates syn brea as mitselder. Yn 'e (lettere) Aldheid bestie in tradysje dy't hawwe woe dat er ek as byldhouwer dwaande west hie, en dat it byld fan 'e Trije Graasjes, dat oant de twadde iuw (n.Kr.) deunby de Akropolis yn Atene stie, fan syn hân wie. Oan dit ferhaal wurdt troch de moderne wittenskip gjin wearde hechte. Neffens Ksenofon hong Sokrates as jongfeint faak mei de oare jonge manlju fan Atene om yn en by de wurkpleatsen om 'e agoara (it stedsplein) hinne, mei't de jongerein net op it eigentlike plein talitten waard. Hy makke dêr praatsjes mei de hantwurkslju en yn 't bysûnder mei in Simon de Skuonmakker.

In búste fan Sokrates yn it Fatikaansk Museum.

Militêre tsjinst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de Peloponnezyske Oarloch, dy't duorre fan 431 oant 404 f.Kr., ferfolle Sokrates syn tsjinstplicht as hoplyt yn it Ateenske leger en moat er ek dielnommen hawwe oan eigentlike gefjochtshannelings. Yn syn Apologia lit Plato Sokrates sizze dat er foar syn thússtêd fochten hie yn 'e slaggen by Amfipolis, Delium en Potidaia. Yn Plato syn Symposium seit de steatsman en generaal Alkibiades dat Sokrates yn 'e Slach by Potidaia syn libben rêden hie.

Lettere maatskiplike karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wie nei it ferfoljen fan syn tsjinstplicht dat Sokrates him ûntjoech ta filosoof en learmaster. Neffens Plato syn Apologia soe dat begûn wêze doe't Sokrates syn freon Chairefon it ferneamde orakel fan Delfy frege oft der wol immen wizer wie as Sokrates en it orakel dêrop andere dat nimmen wizer wie. Sokrates fûn dat sels in idioate útspraak, mei't er fan himsels wist dat er net wiis wie. Om te begripen hoe't it orakel dêr by kaam, begûn er doe fragen te stellen oan ferskate Ateners dy't rûnom as wiis beskôge waarden, mei dêrûnder politisy, dichters en hantwurkslju. Syn bedoeling wie om oan te toanen dat der wier wol wizere lju wiene as hysels, mar út 'e antwurden dy't er op syn fragen krige, die bliken dat de ûnderfrege mannen harsels wol hiel wiis fûnen, mar dat se dat eins net wiene. Uteinlik moast Sokrates konkludearje dat it orakel gelyk hân hie, want krekt omdat hy himsels net wiis fûn, wied er wizer as alle oare lju. Mei syn publyklik útfierde ûnderfregings jage er lykwols in hiel soad ynfloedrike Ateners tsjin him yn 't harnas, mei't er harren te pronk sette as omkoalen.

Sokrates syn learling Plato, troch Rafael.

As boarger fan Atene waard noch ferskate kearen in berop op Sokrates dien om iepenbiere funksjes út te oefenjen. Yn 406 f.Kr. wied er lid fan 'e rjochtbank dy't it fûnis útsprekke moast oer de Ateenske generaals dy't nei de Slach by Arginusai de sneuvele en ferwûne hopliten fan sinkende skippen oan har lot oerlitten hiene om 'e fersleine Spartaanske float te efterfolgjen. In grut diel fan 'e Ateenske befolking fûn dat de generaals harren meast elemintêre plicht (om foar har ûnderhearrigen te soargjen) fersaakt hiene, en easke dêrom de deastraf. Doe't de rjochtbank dêr yn 't earstoan wegere yn mei te gean, waarden der deadsbedrigings utere tsjin 'e rjochtbankleden. Dy joegen dêrop ta, en Sokrates soe doe as iennichste in deafûnis tsjinkeard hawwe.

Yn Plato syn Apologia wurdt beskreaun hoe't Sokrates en fjouwer oare boargers fan Atene troch de oligargy fan de Tritich (dy't de stêd fan 404 oant 403 f.Kr. bestjoerde) hjitten waard dat se nei Salamis gean moasten om in Leon fan Salamis op te pakken. Hja moasten him mei weromnimme nei Atene, dêr't er terjochtsteld wurde soe. Nei't er de bestjoerders fan Atene oanheard hie, gie Sokrates lykwols nei hûs sûnder de opdracht út te fieren.

Proses[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sokrates libbe yn in tiid dat syn thússtêd leare moast om te gean mei de ein oan 'e Ateenske hegemony ûnder de Grykske stêdsteaten nei't de stêd yn 'e Peloponnezyske Oarloch ferslein wie troch Sparta. Dy oergong soarge foar frijwat politike opskuor yn Atene, en it is hiel goed mooglik dat de Ateenske befolking yn dy tiid twifele oan 'e effektiviteit fan 'e demokrasy. It liket der sterk op dat Sokrates ek kritysk foar de demokrasy oer stie. Hoewol't er bewearde trou oan Atene te wêzen, kaam er oates en toates yn oanfarring mei de doetiidske politike koerts fan syn stêd en spriek er him út tsjin it maatskiplike klimaat. Yn ferskate dialogen priizge er, sawol direkt as yndirekt, Sparta, de aartsrivaal fan Atene. Teffens besocht er (neffens de geskriften fan Plato) om 'e Ateners in gefoel foar rjochtfeardichheid en it neifolgjen fan 'goedheid' by te bringen. Dêrmei smiet er him op as in sosjaal en moreel kritikus, dy't troch Plato omskreaun waard as in brims of baumich, want krekt sa't de stek fan in brims in hynder ta aksje oanset, sa hiene de wurden fan Sokrates in selde effekt op 'e politike elite fan Atene.

It stânbyld fan Sokrates foar de yngong fan 'e moderne Akademy fan Atene.

Uteinlik late Sokrates syn krityske politike en maatskiplike opstelling ta syn dea. Yn 399 f.Kr., doe't er 70 of 71 jier wie, waard er foar it gerjocht sleept. Doe't him frege waard wat syn straf wêze moatte soe, stelde er de rjochters foar dat de steat him ynstee in salaris betelje soe en him foar de rest fan syn libben fergees ite litte soe, om him te beleanjen foar syn rol as goeddogger foar Atene. Hy waard lykwols skuldich befûn oan it korrumpearjen fan 'e Ateenske jongerein en oan ûnleauwe yn 'e offisjele goaden fan 'e steat. Dêrop waard er feroardiele ta de deastraf troch it drinken fan dolkrûd, in foarm fan fergif. Neffens Ksenofon yrritearre Sokrates wittens en mienens de rjochters om't er fûn dat it in goede tiid foar him wie om te stjerren. Dêrmei soed er de lichaamlike en mooglik ek geastlike ôftakeling dy't mei âlderdom komt omsile wollen hawwe.

Plato en Ksenofon binne it deroer iens dat Sokrates in kâns hie om te ûntsnappen, mei't syn freon Krito fan Alopeke en oare folgelingen de sipiers omkocht hiene. It slagge Krito lykwols net om Sokrates oer te heljen út te piken. Neitiid binne dêr ferskate redens foar oandroegen. Sa soe in flecht suggerearje dat er bang wie om te stjerren, in skande foar in wiere filosoof. Boppedat soed er yn in oare steat neat better ôf west hawwe, mei't er perfoarst ek dêr trochgien wie mei deselde dingen te ferkundigjen mei as gefolch dat er ek dêr de hearskjende elite tsjin him yn it harnas jage hie. In oare reden soe wêze kinne dat Sokrates fûn dat er mei iepen eagen tastimd hie om ûnder de wetten fan Atene te libjen, en dat er dat "kontrakt" net brekke mocht om't dat him no better útkaam. En ta beslút soe it kinne dat er net woe dat syn freonen ferfolge wurde soene foar syn ûntsnapping. Plato syn dialooch Crito is yn haadsaak wijd oan 'e redens fan Sokrates yn ûnwil om út te naaien.

De Dea fan Sokrates (1787), troch Jacques-Louis David.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sokrates syn ferstjerren wurdt beskreaun oan 'e ein fan Plato syn Phaedo. Nei't er de gifbeker leechdronken hie, waard him sein dat er in hoartsje omrinne moast, sadat it dolkrûd gauwer wurkje soe. Doe't de skonken him dôf waarden, gied er lizzen. Der waard him yn 'e foet knypt, mar dêr fernom er neat mear fan. De dôvens, dy't him stadichoan heger by it lichem op klom, waard folge troch in algehiele spierferslopping. Doe't dy syn hert berikte, hold dat op fan klopjen en stoar er.

Koart foar syn dea spriek Sokrates tsjin Krito syn lêste wurden: "Krito, we binne Asklepius in hoanne skuldich. Ferjit asjebleaft net om oan dy skuld te foldwaan." Asklepius is de Grykske god fan 'e genêskunde. Sokrates syn wurden binne dêrom wol sa útlein dat er yn syn gefal de dea as de genêzing seach, dy't syn siel út syn lichem befrije soe. Ek is wol oppenearre dat Sokrates himsels mei sin ta sûndebok meitsje litten hie; syn dea soe dan yn syn eagen in lotterjende remeedzje foar de swierrichheden fan Atene west hawwe kinne.

In búste fan Sokra-tes yn it Archeologysk Museum fan Palermo.

Sokrates as filosoof[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sokrates hold him, ynsafier't dat opmakke wurde kin út 'e beheinde boarnen dy't oer him oerlevere binne, benammen dwaande mei it stellen fan fragen oer de wize fan libjen fan 'e minske. "Wat is goed?", seid er, "Wat is rjocht?" en "Wat is rjochtfeardich?" As men komme koe ta it betinken fan antwurden op dy fragen, dan moasten dy neffens him ynfloed hawwe op 'e libbenswize fan 'e minsken. Hy hie yn 'e rekken dat hy net oer alle antwurden op sokke fragen beskikte, sterker noch, dat nimmen dêroer beskikte. Dat hold him lykwols noch net tsjin om safolle mooglik nei de prinsipes te libjen dy't er àl fûn hie.

Sokrates stiet bekend om 'e nei him ferneamde sokratyske metoade, in helpmiddel dat yn 'e filosofy noch altyd in protte brûkt wurdt foar in grut ferskaat oan debatten en diskusjes. It is in foarm fan pedagogyk wêrby't in rige fragen steld wurdt dy't net inkeld bedoeld binne om yndividuële antwurden út te lokjen, mar om dejinge dy't antwurdet fia logyske tuskenstappen nei in fûneminteel ynsjoch yn it oangeande ûnderwerp ta te lieden.

De wize fan riddenearjen dy't Sokrates tapaste, wurdt tsjintwurdich de ynduktive metoade neamd. Dat hâldt yn dat út in samling details wei in gehiel opboud wurdt. Om it oars te sizzen: Sokrates besocht troch it toetsen fan withoefolle yndividuële ynsjoggen ta in algemien jildende wierheid te kommen. Syn útgongspunt wie hieltyd "Ik wit dat ik neat wit", en dêrmei foel er de metoaden oan fan 'e skoalle fan 'e sofisten, de omreizgjende learaar-tinkers út syn tiid. Tagelyk erkende er dat er sels ek net it folsleine antwurd hie op 'e troch him oansniene fraachstikken.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.