Slach by Pavia

Ut Wikipedy

De slach by Pavia fûn plak yn 271, tichtby it tsjintwurdige Pavia yn Itaalje en gie tusken de Allemannen en it Romeinske leger mei keizer Aurelianus oan it haad.

De fjildslach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei itselde jier it ferlies by Plazena en de dêrop folgjende oerwinning yn de slach by Fano, sette keizer Aurelianus mei it leger de efterfolging yn op de Allemannen, dy't op dat stuit op de wêromreis wienen nei Germaanje. Aurelianus joech opdracht om de passen yn de bergen ôf te sluten en koe de Allemanne ynslute by Pavia. Hjir foel hy de Alemannen oan en slagge deryn de hiele legermacht fan de Allemannen te ferneatigjen. Troch dizze oerwinning krige hy fan it Romeinske folk de earetitel Germanikus Maksimus.

Betsjutting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aureliaanske Muorre yn Rome

De Romeinen wienen der dan wol slagge om in ein te meitsjen oan de ynvaasje troch de Allemannen. Hja wienen ôfgryslik skrokken fan de direkte bedriging fan de haadstêd fan it Ryk fuortendaliks nei it ferlies by Piazena. Aurelianus besleat dêrom Rome te ommuorjen. Letter waard dit inisjatyf útwreide en al gau waarden alle wichtige stêden yn it Romeinske Ryk ommuorre.

Boarne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]