Sint-Julianafloed

Ut Wikipedy

De Sint-Julianavloed wie de oerstreaming dy't fan 16 op 17 febrewaris 1164, op de nammedei fan de Hillige Juliana, de provinsjes Grinslân, Fryslân en Noard-Dútslân rekke. Fral it streamgebiet fan de Elbe hie der slim ûnder te lijen. Troch de Sint-Julianafloed ûntstie yn de mûning fan de rivier de Jade it begjin fan de lettere Jadeboezem.

It is de earste skriftlik oerlevere stoarmfloed yn it kustgebiet fan de Noardsee. Helmold fan Bosau skreau yn syn Chronica Slavorum (tusken 1163 en 1168) oer de Sint-Julianafloed. Ek de annalen fan Pöhlde fernije de floed. Neffens dy boarnen ferlearen sa'n 20.000 minsken en tûzenen stiks fee it libben.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: