Sikke fan Goslinga

Ut Wikipedy
Sikke fan Goslinga
politikus
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 1664
berteplak Hjerbeam (Fryslân)
stjerdatum 20 septimber 1731
stjerplak Doanjum (Fryslân)
etnisiteit Frysk
Bûtengewoan gesant oan it Hof
fan Loadewyk XIV fan Frankryk
amtsperioade 17141715
Deputearre te fjilde
amtsperioade 17061711
Deputearre nei de Steaten-Generaal
amtsperioade 16911731
Lid fan de Steaten fan Fryslân
amtsperioade 16911731
Grytman fan Frjentsjerteradiel
amtsperioade 16881731
foargonger Jehan fan Goslinga (heit)
opfolger Sjuck fan Burmania Rengers
De Sickemastate te Hjerbeam dêr't Sikke fan Goslinga wenne.

Sikke fan Goslinga (as Sicco van Goslinga; Hjerbeam, 1664 - Doanjum, 20 septimber 1731) wie in Frysk steatsman, grytman fan Frjentsjerteradiel, fiif kear deputearre te fjilde en Nederlânsk diplomaat. Hy is ien fan de ûnderwerpen yn de Kanon fan Fryslân.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan Goslinga wie de soan fan jonker Jehan fan Goslinga en frelle Fedt Sofia fan Cammingha. Hy troude op 12 juny 1692 yn Ballum op it Amelân mei Jeanette Isabelle barones thoe Schwartzenberg und Hohenlansberg, frijfrouwe fan it Amelân.

Hy studearre yn Frjentsjer en Utert, en waard yn 1788, as opfolger fan syn heit, grytman fan Frjentsjerteradiel. Dêrnjonken wied er fjirtich jier lang lid fan de Steaten fan Fryslân en teffens deputearre nei de Steaten-Generaal. As deputearre te fjilde hied er fan 1706 oant 1711 it rjocht en jou befellen oan Steatske troepen yn oarlochssitewaasjes, wat er lykwols besocht sa folle mooglik oan 'e generaals oer litten. Yn Utert naam Fan Goslinga yn 1713 diel oan 'e ûnderhannelings dy't mei de Frede fan Utert in ein makken oan 'e Spaanske Súksesjeoarloch. Yn 1714 en 1715 wied er bûtengewoan gesant oan it Hof fan kening Loadewyk XIV fan Frankryk.

Syn grêftombe yn de tsjerke fan Doanjum is in ûntwerp fan de Antwerpske byldhouwer Jan-Baptist Xavery.

Anekdoate[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grêfmonumint yn de tsjerke fan Doanjum (1737)

Waling Dykstra wit yn syn Uit Friesland's Volksleven (1895) oer him noch de folgjende anekdoate te fertellen. As deputearre te fjilde ûnderhold Fan Goslinga geregeldwei in briefwikseling mei syn freon Sjuck fan Burmania. Dat died er yn it Frysk, mar skreaun yn Grykske lettertekens. Ferskate fan dy brieven waarden ûnderskept troch de Frânsen, mar dy koene der gjin wiis út wurde.

Letter, ûnder Fan Goslinga syn ferbliuw oan it Frânske Hôf, kaam dit ûnderwurp in kear te praat mei kardinaal Richelieu, de Frânske earste minister. Dy murk dêrby op dat men nea in kaai ta syn koade fine kinnen hie, wêrop't Fan Goslinga antwurde dat der ek gjin kaai wie. Dykstra: "Hiervan bleef lang het spreekwoord in gebruik: «Der wier nin kaei fen, sei Sikke.»"[1]

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • (fr) Goslinga, S. van (1857) Mémoires relatifs à la Guerre de succession de 1706-1709 et 1711, de Sicco fan Goslinga, publiés par mm. U. A. Evertsz et G. H. M. Delprat, au nom de la Société d’histoire, d’archéologie et de linquistique de Frise, (Utjûn fan G.T.N. Suringar, 1857)
  • (ned) Goslinga, S. van, Slingelandt, S. van, Rappard, W.A. van (ed.) (1978) Briefwisseling Tussen Simon Van Slingelandt En Sicco Van Goslinga 1697-1731, ISBN 9024721679

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Dykstra, Waling, Uit Friesland's Volksleven, s. 77.

Boarnen