Sighetu Marmației

Ut Wikipedy
Sighetu Marmației
Flagge Wapen
Polityk
Lân Roemeenje
Distrikt (județ) Maramureș
Gemeente
Sifers
Ynwennertal 37.640 (2011)
Oerflak 165.36 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 278 / km²
Stêdekloft (2012)
Hichte 274 m
Oar
Tiidsône East-Jeropeeske Tiid UTC+2
Simmertiid UTC+3
Webside www.primaria-sighet.ro
Lokaasje fan Sighetu Marmației

Sighetu Marmației, ek wol Sighet, is in stêd yn it distrikt Maramureș yn Roemenië tsjin de grins mei Oekraïne, yn de Theissdelling. De stêd wie oarspronklik Hongaarsk en hjitte doe Máramarossziget. It wie de haadstêd fan it komitaat Máramaros. Sûnt de Earste Wrâldoarloch beheart de stêd ta Roemenië, útsein in Hongaarske perioade yn de Twadde Wrâldoarloch.
De Hongaren foarmen oant de Twadde Wrâldoarloch de mearderheid fan de befolking.

Oan de noardkant fan de rivier leit it stedsje Solotvyno yn Oekraïne. De brêge tusken beide stêden waard yn 1944 ferwoastge. Earst yn 2007 wie in nije brêge klear.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Histoaryske befolking neffens de folkstellingen fan:

  • 1910 - 21370
  • 1930 - 27270
  • 1948 - 18329
  • 1956 - 22361
  • 1966 - 29771
  • 1977 - 38146
  • 1992 - 44185
  • 2002 - 41246
  • 2011 - 37640

De stêd hat 37.640 ynwenners yn 2011.[1]

Neffens de folkstelling fan 1910 hie de stêd 21.370 ynwenners; de befolking bestie út 17.542 (82.1%) Hongaarsktaligen, 2.002 (9.4%) Roemeensktaligen, 1.257 (5.9%) Dútsktaligen en 32 Roeteensktaligen. It tal joaden wie 7.981; sy hearden ta de Hongaarsk- en Dútsksprekkers. Der wiene doe 5.850 Gryksk-Katoliken en 4.901 Roomsk-Katoliken.[2]

Stedsbyld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne yn Sighetu Marmației[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. gegevens folkstelling 2011
  2. Atlas and Gazetteer of Historic Hungary 1914, Talma Kiadó ISBN 963-85683-4-8