Sidoanius Apollinaris

Ut Wikipedy
Opera, 1598

Sidoanius Apollinaris (5 novimber 431augustus 489) wie in Gallo-Romeinsk politikus, biskop en skriuwer. Syn oerlevere briefwikseling mei de grutten fan syn tiid binne ien fan ús wichtigste boarnen oer de skiednis fan de 5e iuw.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sidoanius Apollinaris waard berne yn Lugdunum (Lyon) en groeide op yn in nommel Gallo-Romeinske famylje dy't yn Galje in soad lân hie. Hy waard ûnderwiisd troch de bêste learmasters fan syn tiid. Syn libben en freonskip brocht him yn it sintrum fan de macht yn Galje. Om-ende-by 452 boaske hy mei Papianilla, de dochter fan de Romeinske keizer Avitus.

Yn 470 waard hy biskop fan Clermont-Ferrand yn de Franske Auvergne. Sidoanius Apollinaris wie net in religieus man; syn ferkiezing hie er benammen te tanken oan syn ynfloedrike kontakten. Hy hat der alles oan dien om Súd-Galje foar it Romeinske Ryk te behâlden. Tegearre mei syn skoanbroer Avitus Ecidicius ferdigene hy mei súkses it gebiet tsjin de Fisigoaten. Doe't keizer Julius Nepos, dy't de stipe nedich hie fan de Fisigoaten, ôfstân die fan Súd-Galje yn 475 waard hy in skoft finzen hâlden troch Eurik, kening fan de Goaten. Sidoanius Apollinaris krige letter syn funksje werom en bleaun biskop oant syn dea yn 486.

briefwikseling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan Sidoanius Appolinaris binne in oantal briefwikselngen oerbleaun en de lofredes dy't er skreaun hat ta eare fan de Romeinske keizers. Hjirtroch witte wy in soad oer de omstannichheden fan it troch Germaanske ynfallers besette Galje, itjinge dat bard is en alderlei nijgjirrichheden oer de hearskers fan dy tiid.

Webstee wijd oan Sidoanius Apollinaris[bewurkje seksje | boarne bewurkje]