Shumagineilannen

Ut Wikipedy
Shumagineilannen
De lokaasje fan 'e Shumagineilannen yn Alaska.
De lokaasje fan 'e Shumagineilannen yn Alaska.
polityk
soarte gebiet eilannegroep
lân Feriene Steaten
steat Alaska
borough Aleutians East Borough
haadplak gjint
grutste plak Sand Point
sifers
ynwennertal 953 (2000)
oerflak 1.192,4 km²
befolkingstichtens 0,8 / km²
oar
tiidsône UTC –9
simmertiid UTC –8
koördinaten 54°54′ N 160°45′ W

In Shumagineilannen (útspr.: ['ʃumaɡin], likernôch: "sjû-ma-gyn"; Ingelsk: Shumagin Islands; Aleoetysk: Qagiiĝun) binne in groep fan tweintich lytse eilannen dy't bestjoerlik diel útmeitsje fan (it distrikt) Aleutians East Borough yn 'e Amerikaanske steat Alaska. De arsjipel leit yn 'e Golf fan Alaska, foar de súdkust fan it Alaska-skiereilân yn Súdwest-Alaska, op 54°54'–55°20' noarderbreedte by 159°15'–160°45' westerlingte.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Shumagineilannen binne ferneamd nei Nikita Sjûmagin, ien fan 'e Russyske seelju fan 'e Grutte Noardlike Ekspedysje nei eastlik Sibearje en Alaska yn 1741, ûnder lieding fan 'e Deenske ûntdekkingsreizger yn Russyske tsjinst Vitus Bering. Sjûmagin stoar yn Alaska oan skuorbot en waard begroeven op it eilân Nagai.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grutste eilannen fan 'e groep binne Unga, Popof, Korovin en Nagai. Oare eilannen binne Andronica, Big Koniuji, Little Koniuji, Simenof, Chernabura en Bird. Yn totaal beslane de Shumagineilannen in oerflak fan 1.192,4 km².

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe 953 minsken op 'e eilannen, foar it meastepart yn 'e stêd Sand Point op it eilân Popof, mei in minderheid yn Squaw Harbor op Unga. De befolkingstichtens yn 'e arsjipel bedroech dêrmei 0,8 persoanen de km². De eilânbewenners binne foar it meastepart etnyske Aleoeten, mei't de Shumagineilannen oarspronklik ta it wengebiet fan dat folk hearde.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.