Sarlacc

Ut Wikipedy
De oarspronklike werjefte fan 'e sarlacc yn Return of the Jedi (1983).

In sarlacc (meartal: sarlacci) is in fiktive bûtenierdske libbensfoarm út 'e Star Wars-franchise, dy't lânseigen is op 'e planeet Tatooine. Krekt as in protte eleminten út 'e oarspronklike Star Wars-trilogy is de sarlacc sûnt trochkrongen yn 'e Westerske popkultuer, in ûntjouwing dy't oanfitere is troch it opnimmen fan it wêzen yn 'e merchandising foar de films.

Rol yn it ferhaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wêzen ferskynde foar it earst yn 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983), wêryn't de haadpersoanen Luke Skywalker, Han Solo en Chewbacca troch de gangster Jabba de Hutt ta de dea feroardiele wurde. De metoade om dy straf út te fieren, is om se út Jabba syn swevende plezierjacht wei yn 'e mûle fan 'e sarlacc te smiten dy't it Grutte Gat fan Carkoon bewennet, in holte yn it sân fan 'e woastyn, sadat se libben fertard wurde sille. Fansels komt it net safier, want it trio wit te ûntsnappen, wêrby't de preemjejager Boba Fett ynstee yn 'e sarlacc knoffelet. Yn 'e tillefyzjesearje The Book of Boba Fett (2022) is yn 'e ôflevering Chapter 1: Stranger in a Strange Land te sjen hoe't Boba Fett minus syn wapenris út 'e sarlacc ûntsnapt. As er yn Chapter 4: The Gathering Storm weromkeart foar syn wapenris, wurdt de sarlacc deade troch syn partner Fennec Shand.

Ofskildering[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sarlacc fan it Grutte Gat fan Carkoon waard oarspronklik ôfbylde as in iepen gapjend rûn gat dat in mûle foarstelle moast, mar earlik sein mear tinken die oan in anus. It ferskil wie dat it foarsjoen wie fan rigen wjerheakken (mooglik tosken), dy't ûntsnappen ûnmooglik meitsje moasten, en teffens mei tentakels om proaien te gripen en nei binnen te skuorren. Yn 'e remastere special edition fan Return of the Jedi, út 1997, waard de werjefte fan it wêzen troch special effects feroare. De tentakels waarden op 'e nij foarmjûn en boppedat waard der in snaffeleftige bek tafoege. Dat is sûnt de kanonike ôfskildering fan it wêzen bleaun.

Neffens de Star Wars Databank bewenje sarlacci ôfhandige, ûnherberchsume lokaasjes yn it Stjerrestelsel, mar kinne se mar dreech taksonomysk yndield wurde. De sarlacc soe nammentlik in lidpoatige wêze mei in ferankerjend woartelstelsel en in fuortplanting basearre op 'e fersprieding fan spoaren. Dy lêste beide skaaimerken wize sterk op in oarsprong as plant. It wêzen wurdt dêrom ek wol omskreaun as in omnivoare en dus ek fleisitende plant. De spoaren dy't sarlacci produsearje, wurde net inkeld loslitten binnen de atmosfear fan in planeet, mar ek yn 'e romte. As se arrivearje op in (oare) planeet of asteroïde, groeit der in nije sarlacc út, dy't himsels ferankeret en in gat graaft om proaien te fangen. Sarlacci kinne tige lang libje, mooglik wol ferskate tsientûzenen jierren.

De nije werjefte fan 'e sarlacc út 'e special edition fan Return of the Jedi (1997).

Om't de measte sarlacci op ôfhandige plakken libje, fange se mar komselden proaien; de rest fan 'e tiid komme se troch mei in tige stadich metabolisme en troch fiedingsstoffen op te nimmen út 'e grûn, fia har woartels. De mage fan in sarlacc is fan binnen oerdutsen mei bloedfetten dy't harsels oan in trochslokt slachtoffer fêstmeitsje en lytsere bekken om grutte proaien útinoar te skuorren foar in fluggere fertarring. De mage befettet ek neurotoksinen dy't by trochslokte proaien hallusinaasjes feroarsaakje.

Yn it koarte ferhaal A Barve Like That: The Tale of Boba Fett (1996), fan Daniel Keys Moran ûnder it pseudonym J.D. Montgomery, wurdt ferteld dat sarlacci "oer de rin fan 'e milennia in soarte fan groepsbewustwêzen ûntjaan kin, opboud út 'e oerbliuwsels fan 'e lju dy't se fertard hawwe." Under harren hallusinaasjes kinne sokke sarlacci dan kommunisearje mei nije slachtoffers. Yn itselde ferhaal kommunisearret Boba Fett op dy wize mei de sarlacc fan it Grutte Gat fan Carkoon, dy't by him yn 'e holle sprekt mei de stim fan Susejo, in bûtenierdsk wêzen dat er fjouwertûzen jier earder ferslynd hat. Nei't Fett himsels út 'e mage fan 'e sarlacc befrijd hat, wurdt er jierren letter troch de sarlacc werkend as er by it Grutte Gat fan Carkoon yn 'e buert komt.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.

bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa