Sarh

Ut Wikipedy
Sarh
Sarh leit yn it suden fan Tsjaad
Sarh leit yn it suden fan Tsjaad
Polityk
Lân Tsjaad
Regio Moyen-Chari
Arrondissemint Barh Koh
Sifers
Ynwennertal 103.269 (2012)
Hichte 350 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Koördinaten
Offisjele webside
Sarh ynfo

Sarh is in stêd yn Tsjaad en is it haadplak fan de regio Moyen-Chari en it bisdom Sahr. It is de tredde stêd fan Tsjaad, nei N'Djamena en Moundou en leit oan de rivier Chari.

Sarh hat sa'n 110.000 ynwenners en is neamd nei de etnyske groep de Sara út Súd-Tsjaad.[1]. It plak hjitte foar 1972 Fort Archambault.

Ut de skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sara yn Fort Archambault, 1924

Sarh waard stifte ûnder it Frânske koloniale bewâld foar lju dy't weromkamen út de wurkkampen anneks oan de oanlis fan it Kongo-Oseaan Spoar. Yn 1962 krige it plak in tekstylyndustry fan betsjutting en is no in wichtich middelpunt fan de katoenferwurkjende yndustry. Katoen docht it dêr bêst fanwege it gaadlike klimaat. Ek is it plak in sintrum fan kommersjele fiskerij.

Sahr is ek in bekend útgeanssintrum, ferneamd om syn nachtlibben. It Sarh National Museum lûkt minsken, en der is in fleanfjild (IATA-fleanfjildkoade SRH).

De ynwenners fan Sarh hiene yn 1990 te meitsjen mei in meningokokken meningitis-epidemy.[2]

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Ynwennertal[3]
1993 75 496
2008 108 061

Underwiis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Middelbere skoallen (Lycées)

  • Lycée Ahmed Mangué (iepenbier)
  • Lycée-Collège Charles Lwanga (partikulier, katolyk)
  • Lycée-Collège Humanité (partikulier, baptisten)

Heger ûnderwiis:

Susterstêd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Britannica Online Encyclopedia
  2. The 1990 meningococcal meningitis epidemic of Sarh (Chad): how useful was an earlier mass vaccination?
  3. World Gazetteer: Chad