Santee (Nebraska)

Ut Wikipedy
Santee
Santee, sjoen fanôf it begraafplak op 'e heuvel besuden it doarp.
Santee, sjoen fanôf it begraafplak op 'e heuvel besuden it doarp.
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Nebraska
County Knox County
Sifers
Ynwennertal 346 (2010)
Oerflak 1,5 km² (ynkl. wetter)
1,5 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 230,7 / km²
Hichte 379 m
Oar
Stifting 1863
Tiidsône UTC-6
Simmertiid UTC-5
Koördinaten 42°50′19″N 97°51′11″W
Kaart
Santee, sjoen fanôf it begraafplak op 'e heuvel besuden it doarp.
De lizzing fan Santee yn Knox County en yn Nebraska.

Santee [sæn'ti:] (Eastlik Dakota: Isáŋyathi; útspr.: [i'sã:jatʰi]) is in doarp yn Knox County, yn it noardeasten fan 'e Amerikaanske steat Nebraska. It leit binnen de grinzen fan it Santy Yndianereservaat (Santee Indian Reservation), dêr't it it grutste plak is, al is it reservaatsbestjoer yn Niobrara fêstige, dat bûten it eigentlike reservaat leit. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 lei it ynwennertal fan Santee doe op 346 minsken. In offisjele skatting út 2012 liet gjin ferskil sjen.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Santee 3,2% âlder as 65 jier en 45,4% jonger as 18 jier. Fierders bestie 20,0% fan 'e húshâldings út ien persoan. Ut âldere gegevens, út 2000, die bliken dat doe 47,5% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe (foar it befolkingssegmint fan boppe de 65 jier sels 53,8%). Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 92,5% Yndianen; 7,3% blanken; 0,2% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.