Sankt Goar

Ut Wikipedy
Sankt Goar
Emblemen
Polityk
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Rhein-Hunsrück-Kreis
ferbânsgemeente Hunsrück-Mittelrhein
Sifers
Ynwennertal 2.928 (2022)
Oerflak 23,17 km²
Befolkingsticht. 126 ynw./km²
Hichte 74 m
Oar
Postkoade 56329
Koördinaten 50° 9' 0" N 7° 43' 0" E
Offisjele webside
www.stadt-st-goar.de
Kaart
Sankt Goar (Rynlân-Palts)
Sankt Goar

Sankt Goar is in stêd oan 'e lofter kant fan de Middelryn yn 'e Rhein-Hunsrück-Kreis yn Rynlân-Palts.

Oant 1 jannewaris 2020 hearde it plak by de ferbânsgemeente Sankt Goar-Oberwesel. Sûnt 2020 heart de stêd troch fúzje fan 'e gemeente Sankt-Goar-Oberwesel mei de ferbânsgemeente Emmelshausen by de ferbânsgemeente Hunsrück-Mittelrhein.

Ta it stedsgebiet fan Sankt Goar hearre ek de doarpen Biebernheim, Werlau en de buorskippen Fellen en An der Loreley.

De stêd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sankt Goar tanket syn namme oan 'e hillige Goar, in preester út Akwitaanje dy't hjir in klús stifte.

It plak is in wichtich toeristysk sintrum yn it UNESCO-wrâlderfskip Boppe Midden-Ryndelte. Boppe de stêd leit it ymposante kompleks fan it kastiel Rheinfels. Oan 'e oare kant fan 'e Ryn leit de susterstêd Sankt Goarshausen, mei de boargen Katz en Maus. In oerset oer de Ryn soarget foar de ferbining mei de susterstêd fan Sankt Goar. Sankt Goar leit oan 'e Ryn mei it útsicht op 'e legindaryske Loreley, in hege rots dy't oan 'e oare kant fan 'e Ryn opriist.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De boarch Rheinfeld leit boppe de stêd en waard yn 1245 troch de greve fan Katzenelnbogen stifte. It kastiel waard útboud ta in fêsting en it grutste ferdigeningwurk yn 'e Middenryndelte. It wie in foarbyld foar de bou fan oare kastielen yn it Hillige Roomske Ryk. Oan 'e ein fan 'e 18e iuw fernielden Frânske troepen de fêsting. Dêrnei waard de ruïne brûkt foar de winning fan boumaterjaal. Yn 1843 wist prins Wilhelm fan Prusen, de lettere keizer Wilhelm I, it kastiel yn syn besit te krijen en sa bleau it bouwurk foar fierdere delgong bewarre. Sûnt 1925 is de gemeente Sankt Goar eigner fan 'e boarch, dy't hjoeddedei as hotel en restaurant tsjinnet. Dêrnjonken is der yn 'e boarch in museum ûnderbrocht.

De oan 'e hillige Goar wijde protestanske stiftstsjerke yn it sintrum fan 'e stêd is in tsjerke mei romaanske en goatyske ynfloeden. De romaanske krypte datearret út it lêste stik fan 'e 11e iuw. Yn 'e trijeskippige goatyske tsjerke binne muorrebeskilderingen út de 2e helte fan 'e 15e iuw te sjen.

De roomske Sint-Goartsjerke is in neogoatysk bouwurk út de 19e iuw. De toer fan 'e tsjerke is in ûnderdiel fan 'e âlde stedsmuorre fan Sankt Goar. Yn 'e tsjerke is in goatyske sark fan de hillige Goar en in letgoatysk alter, dat út de yn 1800 ôfbrutsen Sint-Pitertsjerke fan Frankfurt ôfkomstich is.

ôfbyldings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]