Safed

Ut Wikipedy
Safed (Tzfat)
צְפַת
‎صفد
Emblemen
Polityk
Lân Israel
distrikt Noard-Israel
ûnderdistrikt Safed
Sifers
Ynwennertal 37.797 (2022)
Oerflak 40 km²
Hichte 900 m
Oar
Stifting Aldheid
Tiidsône UTC +2
Koördinaten 32° 58′ N, 35° 30′ E
Offisjele webside
(in) (he)Offisjele side
Kaart
Safed (Israel)
Safed

Safed (Hebriuwsk: צפת Tzfat, Arabysk: صفد Safad) is in stêd yn it noardlik distrikt fan Israel. De stêd leit yn de bergen, sa'n 900 m boppe seenivo en is it heechste plak fan Galileä. De stêd hat in befolking fan goed 37.000 ynwenners.

Mei Jeruzalim, Hebron en Tibearias is Safed, sûnt de 16e iuw, in hillige stêd foar Joaden yn Israel.

Bibelske ferwizing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens in leginde soe Safed stifte wêze troch in soan fan Noäch nei de sûndfloed. Neffens it boek Rjochters waard it plak dêr't safed hjoed-de-dei leit oanwiisd oan de stamme fan Naftali. De útspraak fan Jezus oer "in stêd dy't op in heuvel leit, net ferskûle wêze kin" wurdt troch guon as in ferwizing nei Safed sjoen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Jeruzalimske Talmoed wurdt neamd dat Safed ien fan de fiif hichten wie dêr't brannen oanstutsen waarden om de Nije Moanne en festivals oan te kundigjen yn it tiidrek fan de Twadde Timpel. Safed waard yn de Romeinske tiid troch de Joadske histoarikus Flavius Josephus as in fêsting yn Boppe-Galileä neamd as Sepph.

Safed waard fan pleatslik belang ûnder de Krúsfarders dy't dêr yn 1168 in grutte boarch bouden. De boarch waard tweintch jier letter troch Saladin oermastere en troch syn âldomkesizzer Al-Mû'azzam yn 1219 ferwoastge. Doe't de Krúsfarders it plak nei in ferdrach yn 1240 fannijs bemachtigen bouden se in gruttere boarch. De Mammelukken namen it plak om 1250 hinne oer en wreiden de boarch yn 1268 fierder út. Safed waard yn dy snuorje in hannelsintrum dy't op de wichtichste hannelsrûten yn súdlik Syrje lei. Dêrnei hie it plak in tiid fan efterútgong. De befolking libbe benammen fan de lânbou en feehâlderij. De Mammelukken holden alhiel gjin administraasje by dus oer dy tiid is net folle oer de befolking bekend.

Yn 1517 waard it plak part fan it Osmaanske Ryk en dêrnei bruts der in tiid fan groei en woltierigens oan. De Osmanen holden dêrfoaroer fan 1525 ôf in ynventarisaasje en belêsting fan it lân by en de befolking waard registrearre. Joadske ymmigranten út hiel Jeropa wei ûntjoegen de stêd ta in sintrum fan wol- en tekstylproduksje en ek foar de mystike Kabbala-beweging. It waard ien fan de fjouwer hillige stêden yn it joadendom. It waard it regionaal bestjoerlike sintrum fan de sanjak Safed en wie de grutste stêd fan Galileä. De stêd hie in grutte Joadske en moslim-mienskip. Fan de santjinde iuw ôf rekke de stêd yn it neigean en waard yn de mid achttjinde iuw ynhelle troch Akko. Yn de 1830-er jierren waard de Joadske befolking it doelwyt fan oanfallen fan moslims en Druzen. Ek kamen in soad minsken om it libben troch in ierdskodding yn itselde desennium.

De befolking fan Safed bestie oan de ein fan de njoggentjinde iuw út 24.000 ynwenners. Safed wie in mingde stêd mei in befolking dy't rûchwei foar de helte út Joaden en foar de oare helte út moslims bestie. Ek wie der in lytse kristlike mienskip. Islamityske hannelslju foarmen de tuskenhannel tusken de pleatslike boeren en de hannelers fan Akko. De Osmanen makken Safed ta in sintrum fan sûnnityske rjochtsgeleardheid (fikh). Oan de ein fan de njoggentjinde iuw ferbettere de ynfrastruktuer om Safed hinne. De stêd krige in gemeenteried, in ferskaat oan banken, dochs de jurisdiksje fan Safed wie beheind ta Boppe-Galileä. Ek waarden de Joadske synagogen en huzen fannijs opboud.

Doe't de Osmanen yn de Earste Wrâldkriich ferslein waarden, krigen de Britten yn 1922 it mandaat oer Palestina. De befolking fan Safed krong werom ta 8.700 mei 60% moslims, 33% Joaden en de rest kristenen. Troch oanboazjende etnyske spannings waarden de Joaden fan Safed oanfallen yn de Arabyske rebûlje fan 1929.

Nei in resolúsje fan de Feriene Naasjes yn 1947 waard it Mandaatgebiet Palestina yn 1948 ferparte yn in Joadske steat en in Arabyske steat. De befolking fan Safed wie yn 1948 13.700 dy't mei in grutte mearderheid út Arabieren bestie, wylst Safed tawiisd waard oan de Joadske steat. Yn de Arabysk-Israelyske Kriich fan 1948 oermasteren Joadske striidkrêften de stêd nei swiere fjochterijen. It grutste part fan de Palestynske Arabieren flechten sa't hjoed-de-dei de befolking hast alhiel út Joaden bestiet.

Yn 1974 kamen 25 Israelyske Joaden, benammen skoalbern, om it libben by it bloedbad fan Ma'alot. Yn de 1990-er en iere 2000-er jierren setten in soad Russyske Joaden en Falasja's harren nei wenjen yn Safed. Yn july 2006 waarden "Katjûsja"-raketten út Súd-Libanon wei troch Hezbollah]] op Israel ôffjurre, wêrûnder Safed rekke waard. Ien man kaam dêrby om it libben. Op 22 july rekken der fjouwer minsken ferwûne by in raketoanfal. In soad ynwenners flechten út Safed wei yn dy snuorje.

Safed hat in grutte Charedyske mienskip en is in sintrum fan Joadske religieuze stúdzjes. Yn 2010 hawwe achttjin rabbys der by de ynwenners fan Safed op oantrúnd en ferkeapje en ferhier gjin eigendommen oan Arabieren, dêr't se der foar warskôgen dat der oars in "Arabyske oername" komme soe. Arabieren meitsje mar in heil lyts part fan de befolking út en harren warskôging ferwiisde nei de 1300 Arabyske studinten dy't by it Zefat Akademysk Kolleezje ynskreaun binne.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sicht oer Safed

Safed leit 40 km eastlik fan Akko en 20 km noardlik fan Tibearias. De leit boppe de breukline fan de Deade See en is ien fan de stêden yn Israel dy't de grutste risiko rinne foar ierdskoddings, mank mei Tibearias, Beit Sje'an, Kirjat Sjmona en Eilat.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om syn lizzing yn de bergen hat Safed waarme simmers en kâlde winters, dêr't gauris snie falt. Troch syn mylde klimaat en goede útsichten is Safed in populêre fakânsjebestimming foar toeristen út binnen- en bûtenlân.

Nijsgjirrichheden yn en om Safed[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sicht op Safed

Stêdebannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne yn Safed[bewurkje seksje | boarne bewurkje]