Rupert fan Salzburg

Ut Wikipedy
Rupert fan Salzburg
   hillige
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
hjeldei 27 maart (net ferplichte)
24 septimber (guon bisdommen)
attributen sâltfet
patroan fan Salzburg (stêd en dielsteat), sâltwinners, hûnen, it aartsbisdom Salzburg, it bisdom Graz-Seckau, 2e patroan fan it bisdom Gurk-Klagenfurt

Rupert van Salzburg of Sint-Rupertus (mooglik berne yn Worms, 7e iuw – † Worms, 27 maart 718-720) wie in benediktynske biskop. Hy wie biskop fan Worms en letter de earste biskop fan de Eastenrykse stêd Salzburg en abt fan it Sint-Petruskleaster dêr. Rupert stiet bekend as de apostel fan Beieren. Sint-Rupert is de patroanhillige fan de Eastenrykske dielsteaten Salzburg en Karinsje.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rupert wie fan hege komôf en wie besibbe oan it merovingyske keningshûs. Yn Worms waard er ta biskop wijd. Hartoch Theodo fan Beieren, troud mei famylje fan Rupert, frege him yn 696 nei Beieren te kommen, dêr't er yn Regensburg wurke en hartoch Theodo II en syn hôf yn it kristlike leauwe ûnderwiisde.

Fan Theodo mocht Rupert neffens eigen goedtinken in plak útsykje dêr't er him ynsette koe foar it ferkundigjen fan it evangeelje. Hy fear mei it skip de Donau ôf oant er by it grinsgebiet mei de Avaren kaam. Yn Lorch (Lairiacum) trof Rupert noch in bjusterbaarlik grutte ierkristlike gemeente oan, de Laurentiustsjerke dêr giet noch werom op romeinsk-heidenske bouwurken. Syn oarspronklike doel om te misjonearjen ûnder de Avaren en de Slaven koe net trochgean fanwegen de krigen en de teheisterings oan de lânsgrinzen.

Oankomst fan Rupertus mei syn gesellen Chunialdus en Gislarius yn Juvanum

Rupert reizge fierder, nei alle gedachten de âlde romeinske wei folgjend. By in koart opûnthâld yn Seekirchen stifte er dêr in tsjerke om dêrnei om 700 hinne yn Juvanum, it tsjintwurdige Salzburg, oan te kommen. Yn dy tiid wie fan Juvanum troch de folksferhûzings net mear as in ruïnestêd. Dêr wie noch in lytse romeinske mienskip efterbleaun en mooglik ek noch in âlde mienskip fan muontsen. Theodo en syn soan Theudebert, dy't op de boarch fan Salzburg wenne, skonken Rupert de ruïnestêd en in tredde fan de sâltboarnen yn Reichenhall. Yn Salzburg stifte Rupert it benediktynske kleaster Sint-Petrus en waard dêr abt, hy liet in grutte tsjerke bouwe op it plak fan de hjoeddeiske domtsjerke, wurke oan de weropbou fan de stêd en foar de ynkomsten eksploitearre er de sâltminen. Under de boarch fan Theudebert by de tsjintwurdige Fêsting Hohensalzburg stifte Rupert yn 711 it kleaster Nonnberg en beneamde dêr syn nicht Erentrudis as earste abdis. It is hjoeddedei it âldste noch besteande kristlike nonnenkleaster fan 'e wrâld, dat sûnder ûnderbrekking funksjonearre hat. Rupert brocht in grut part fan de reliken fan syn foargonger yn Worms nei Salzburg, de hillige Amandus. It bonkerak fan Amandus waard byset ûnder de tsjintwurdige Margaretakapel op it tsjerkhôf, mar tsjintwurdich lizze syn oerbliuwsels ûnder it alter fan de abdijtsjerke Sint-Petrus.

Rupert gong tsjin it ein fan 715 werom nei syn heitelân. Hy ferstoar dêr op 27 maart 718, nei alle gedachten yn Worms. Syn bonken waarden letter troch biskop Virgilius yn it ramt fan de wijing fan de nije domtsjerke fan Salzburg op 24 septimber 774 nei Salzburg oerbrocht.

Ferearing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rupert op in brânskilderd raam (1529)

Rupert is nea troch in offisjele proseduere hillichferklearre. Hy heart ta de âldere kategory fan hilligen, fan wa't de ferearing troch Rome erkend waard en fan wa't de betinkingsdei yn de offisjele hilligenkalinder fan de Roomsk-Katolike Tsjerke opnommen waard.

Rupert wurdt fral yn Beieren en Eastenryk fereare en dêr drage ferskillende tsjerken syn namme; de Ruperttsjerke yn Wenen is de âldste noch besteande tsjerke fan de stêd. Ek Switserlân en Sloveenje hawwe inkelde tsjerken, dy't oan Sint-Rupert wijd binne. De abt fan de aartsabdij Sint-Petrus yn Salzburg draacht as opfolger fan Rupert ek tsjintwurdich noch de earetitel Primas Germaniae. De lânstreek fan Chiemgau yn Beieren oant Salzburg, dêr't Rupert it evangeelje brocht, wurdt ek Rupertiwinkel (Winkel = hoeke) neamd.

De offisjele feestdei fan Rupert falt op 27 maart. Yn inkelde bisdommen dêr't Rupert as misjonaris wurke hat, wurdt it feest fan de hillige Rupert op 24 septimber fierd, de dei dat syn reliken yn de Salzurger dom oerdroegen waarden.

Ikonografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sint-Rupert wurdt yn 'e regel as biskop ôf- of útbylde, mei yn syn hân of oan de foet in sâltfet, in ferwizing nei de sâltwinning.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side