Rita Cardinale

Ut Wikipedy
Rita Cardinale
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Rita Geil, Rita Szábo,
Rita Diamond, Rita Sušić,
Bianca Ascari
echte namme ?
nasjonaliteit Hongaarsk
berne 22 febrewaris 1975
berteplak Boedapest (Hongarije)
etnisiteit Hongaarsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise,
regisseur
jierren aktyf 19972004
offisjele webside
gjint

Rita Cardinale, echte namme ûnbekend (Boedapest, 22 febrewaris 1975), is in rêstend Hongaarsk neakenmodel, pornografysk aktrise en pornoregisseur, dy't dy't ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Rita Geil, Rita Szábo, Rita Diamond, Rita Sušić en Bianca Ascari. Hja sette yn 1997 útein mei in karriêre as pornoaktrise, wêrby't hja sawol foar Jeropeeske as Amerikaanske studio's wurk. Yn 2004 loek Cardinale har út 'e pornoyndustry werom.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cardinale waard yn 1975 berne yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest. Se makke yn 1997 mei 22 jier har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile hja neitiid yn totaal yn 38 pornofilms. Yn 't earstoan wurke hja benammen gear mei de Frânske regisseur Pierre Woodman, foar it Sweedske Private-label, lykas yn 'e film Tatiana 1, út 1997.

Fierders wurke Cardinale ek foar oare Jeropeeske filmstudio's, lykas it Frânske Vidéo Marc Dorcel. Letter yn har karriêre wie se yn 't spier foar Amerikaanske labels, lykas Evil Angel, Anabolic Video en Elegant Angel. Tusken 1998 en 2001 regissearre Cardinale eigenhandich fjouwer pornofilms foar de minder bekende studio's XY Video en VCX. Uteinlik loek se har yn 2004 foargoed út 'e pornoyndustry werom.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cardinale is blank en hat swart hier en blauwe eagen. Neffens har offisjele opjefte is se 1.67 m lang, en hie se ûnder har karriêre in gewicht fan 59 kg. Se hat kupmaat 34C, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hie. Cardinale hat tatoeaazjes noch piercings.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: