Richard III (toanielstik)

Ut Wikipedy
Richard III
algemiene gegevens
oarspr. titel Richard III
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun ±1591
1e publikaasje 1597, Londen
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Kening Richard III
publikaasje 1963, Drachten
útjouwer Fryske Shakespeare Stifting
oersetter Douwe Kalma

Richard III, nei it Ingelske stik mei deselde namme (folút: The Tragedy of King Richard III), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. Hoewol't it ûnder it wurk fan Shakespeare ornaris ta de histoaryske stikken rekkene wurdt, is it kwa sjenre in trageedzje. It ferhellet fan it libben en it regear fan 'e Ingelske kening Richard III (reg. 1483-1485), fan wa't Shakespeare net folle hiel lit. Men is fan tinken dat it skreaun wêze moat yn 1591 of dêromtrint, en de earste útjefte datearret fan 1597. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma waard publisearre yn 1963.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By it skriuwen fan Richard III line Shakespeare tige by tige op Thomas More syn ûnôfmakke The History of King Richard III. Yn syn The History of England, Volume I: Foundation skriuwt de foaroansteande Britske histoarikus Peter Ackroyd dêroer: "More mei dan in hillige west hawwe, mar hy wie foar in diel ek in fantast, dy't goede partijige redens hie om 'e lêste kening út it Hûs York foar de opkomst fan 'e Tudor-dynasty ôfrinne te litten. Sadwaande wie Richard foar More en foar Shakespeare de glimkjende en yntrigearjende smjunt, de bochel mei twifelige doelen [...]. Der mei dan in beskate wierheid yn dat karikatuer sitte, mar it bliuwt in karikatuer. De kening wie bygelyks net in bochel. As gefolch fan yngeande training yn 'e swurdfjochtkeunst wiene syn iene earm en skouder oerûntwikkele, sadat er altyd wat út lykwicht liek te wêzen, mar dat wie alles." Dat wol net sizze dat Richard III gjin ferkearde en ymmorele dingen die (lykas it beöarderjen fan 'e moard op syn beide omkesizzers), inkeld dat er dêr net méár ta oerhong as hokker kening út syn tiid ek. En as bestjoerder wied er nei gedachten in stik kundiger en bekwamer as syn direkte foargongers. Mar Shakespeare syn toanielstik liket syn oantins foargoed negatyf beynfloede te hawwen, wylst bygelyks Richard Liuwehert, dy't teminsten like mâle dingen útheefde, yn it ûnthâld fan 'e Ingelsen fuortlibbet as in goudene kening fan ûnbesmodzge yntegerens.

Richard III is it op ien nei langste fan Shakespeare syn toanielstikken, nei Hamlet, en slút Shakespeare syn earste tetralogy ôf (dêr't ek Hindrik VI Diel 1, Diel 2 en Diel 3 ta hearre). It stik wurdt mar komselden ûnôfkoarte opfierd, ek al mei't Shakespeare derfan útgie dat syn publyk bekend wêze soe mei de trije dielen fan Hindrik VI en dêr yn Richard III sadwaande allegeduerigen nei ferwiist. Fakentiden wurde by hjoeddeiske opfierings guon minder wichtige personaazjes der alhiel út weilitten. Yn sokke gefallen moatte dan op oare plakken tekstregels tafoege wurde om it spul begryplik te hâlden.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It stik set útein mei in monolooch fan Richard III dêr't dy de troansbestiging fan syn âldste broer, Edwert IV, yn beskriuwt, begjinnende mei de ferneamde wurden "No is de winter fan ús ûntefredenens / Ta in glorieuze simmer makke troch dizze sinne fan York" ("Now is the winter of our discontent / Made glorious summer by this sun of York"). Yn dy monolooch lit Richard syn oergeunstigens op syn súksesfol regearjende broer blike. Sels wurdt er omskreaun as in lilke bochel mei in like lilk ynderlik. Hy yntrigearret om syn middelste broer Clarence, dy't him it paad nei de troan opkeart, opslute te litten yn 'e Toer fan Londen op grûn fan in profesije dy't er yn 's kenings ear flústere hat, dat "G" de moardner fan Edward syn erfgenamten wêze sil. De kening leit dat út as slaand op syn broer George, de hartoch fan Clarence. (Dy profesije hat wier bestien, mar kaam ynsafier't bekend is net by Richard III wei; it soe bêst kinne dat Edward IV soks yndie meispylje litten hat doe't er besleat om Clarence oppakke en yn syn sel fermoardzje te litten, al hie Clarence him ek al mear as ien kear ferret. Yn elts gefal skynt it net by him opkommen te wêzen dat de "G" likegoed foar Richard, hartoch fan Gloucester stean kinne soe.)

Dêrnei besiket Richard yn 'e graasje te kommen by Anne Neville, de widdo fan Edwert fan Westminster, de lêste kroaprins út it Hûs Lancaster. Hoewol't hja him hatet, stimt se deryn ta om mei him te trouwen. Underwilens is de sfear oan it hof suver net te ferdragen; de eallju fan 'e fêstige oarder binne deilis mei de omheech fallen famyljeleden fan Elizabeth, de frou fan leger komôf dêr't Edward IV mei troud is, wylst de partijskippen fan 'e yorkisten en lankastrianen noch altiten fuortduorje. Lankastryske warskôgings tsjin Richard III binne by de yorkisten oan dôvemansearen rjochte.

De Ingelske akteur David Garrick as Richard III yn 'e sêne foarôfgeande oan 'e Slach op Bosworth Field. It skilderij David Garrick as Richard III, út 1745, is fan William Hogarth.

Dan folget in lange sêne oer Clarence yn 'e Toer, dy't in foarsizzende dream hat, syn sipier dêroer fertelt en dan, as syn moardners ferskine, harren mei wurden fan har doel ôf besiket te bringen. Yn it toanielstik binne de beide moardners stjoerd troch Richard, hoewol't yn it echt sûnder mis Edward IV derefter siet. Einlings wurdt Clarence deadien troch him te ferdrinken yn in fetsje wyn.

Koarte tiid letter komt Edward IV te ferstjerren. Richard wurdt dan de beskermhear fan syn minderjierrige omkesizzer Edwert V. De jonge kening en syn noch jongere broer, de hartoch fan York, wurde foarsteld as goudene jongfeinten, dy't de snoade Richard mei ferstân, skermkeunst en wurden maklik oer kinne. Richard wurdt der senuweftich fan en lokket harren mei in ferlechje nei de Toer fan Londen ta, dêr't er harren al rillegau finzen sette lit. Tegearre mei syn neef Buckingham beleit Richard dan in plan om himsels op 'e troan te krijen, wêrfan't in wichtich ûnderdiel is om alle stânhefte oanhingers fan syn omkesizzer op te pakken en terjochtstelle te litten ûnder falske beskuldigings fan ferrie. Hja ferspriede it geroft dat Edward V en syn broer oerwûne bern binne, dy't sadwaande gjin oanspraken op 'e troan jilde litte kinne. Under swiere druk geane de oare eallju dêrop akkoart mei Richard syn troansbestiging.

Richard draacht Buckingham op om 'e dea fan syn beide finzen omkesizzers te beävensearjen, mar Buckingham wifket. Dêrop stjoert Richard in oare trewant, dy't de beide jonges deadocht. As Richard dêrop Buckingham in ûnthjitten stik lân wegeret, krije sy beiden spul en Buckingham rint oer nei Hindrik Tudor, greve fan Richmond, dy't de Lankastryske oanspraken op 'e troan urven hat en yn ballingskip libbet. Richard hat in eachje op syn omkesizzer, Elizabeth fan York, de jongere suster fan 'e beide prinsen, en fergiftiget syn eigen frou, Anne Neville, sadat er frij wêze sil en stykje om 'e jonge prinsesse. Mar as er risselwearret om in oansiik te dwaan, wit it fanke har mem, de widdo fan Richard syn broer, de boat ôf te hâlden. Underwilens hat Richard syn eigen mem him ferflokt.

Shakespeare suggerearret dat de tsjinrampen dêr't Richard dan mei te meitsjen kriget, feroarsake wurde troch dy ferflokking. Earst moat er in opstân ûnder oanfiering fan Buckingham delslaan, wat him slagget; Buckingham wurdt finzen nommen en terjochtsteld. Mar dan fynt der in ynfaazje plak ûnder lieding fan Hindrik Tudor. Beide kanten arrivearje op Bosworth Field foar de beslissende slach. Dy jûns wurdt Richard besocht en tramtearre troch de geasten fan syn slachtoffers. De oare deis fynt de Slach op Bosworth Field plak, wêrby't Lord Stanley op in krúsjaal punt oerrint nei Hindrik Tudor. Richard wurdt ferslein en yn in duël troch Hindrik deade. Neitiid folget dyselde him op as Hindrik VII.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan Richard III is fan 'e hân fan Douwe Kalma, dy't it eins de titel Kening Richard III meijoech. Dizze fertaling makke yn 1963 ûnderdiel út fan Shakespeare's Wurk Dl. IV, ien fan 'e omnibusedysjes fan 'e Fryske Shakespeare Stifting te Drachten. Yn 1989 brocht Tryater in Fryske ferzje fan Richard III op 'e planken op grûn fan in nije oersetting troch Sybe Krol, mei Rense Westra yn 'e haadrol.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. IV: Lette Komeedzjes: It Winterjounsteltsje, De Stoarm; Keningsstikken: Kening Hindrik VI (diel I, II en III), Kening Richard III, Drachten, 1963 (Fryske Shakespeare Stifting), gjin ISBN-nûmer.

Foar de wiere skiednis fan Richard III, sjoch:

  • Ackroyd, Peter, The History of England, Volume I: Foundation, Londen, 2011 (Pan Macmillan), ISBN 978-0 33 05 44 283.

Foar mear sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Citations, op dizze side.

wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater