Rein Jonker

Ut Wikipedy
Rein Jonker
Rein Jonker (nr. 30) by de Avestêdetocht fan 1986
Rein Jonker (nr. 30) by de Avestêdetocht fan 1986
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 10 septimber 1950
berteplak Wytgaard
sportive ynformaasje
sport reedriden
ûnderdiel maraton

Rein Jonker (Wytgaard?, 10 septimber 1950[1]) is in eardere maratonrider út Wytgaard.

Reedriden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonker wie yn 'e jierren '80 in grutte kânshawwer op it winnen fan de Alvestêdetocht. Sûnt 1963 wie der lykwols gjin tocht mear ferriden. Doe't in soad yn de kâlde winter fan 1985 op 'e nij de hoop op in Alvestêdetocht opjoegen, reizge Jonker op 18 febrewaris 1985 mei 200 oare reedriders nei Poalen om dêr de alternative Alvestêdetocht te riden. Deselde jûns waard troch Jan Sipkema oankundige dat de Alvestêdetocht dochs ferriden wurde soe. Omdat de bussen ûnderwilens yn it noch kommunistyske Poalen oankommen wiene, wie it yn earste ynstânsje dreech om de reedriders dêr op de hichte te bringen fan it nijs en yn twadde ynstânsje om de bussjauffeurs sa fier te krijen om te kearen. Uteinlik gie der ien bus werom mei alle riders dy't de echte Alvestêdetocht ride woene. Nettsjinsteande de matige tarieding en wurgens fanwegen de busreis waard Jonker 15e yn de Alvestêdetocht fan 1985. Syn hoop op in twadde kâns waard it jier dêrop al wierheid doe't op 26 febrewaris 1986 de Alvestêdetocht fan 1986 ferriden waard. Oant 30 km foar de finish ried Jonker noch tegearre mei de úteinlike winner Evert van Benthem. By Dokkum foel Jonker lykwols, wêrnei't in kameramotor fan de NOS oer Jonker hinne ried. Hy koe Van Benthem wer byhelje, mar moast him op wei nei Aldtsjerk dochs gean litte. Jonker kaam úteinlik as twadde oer de streek.

Oer it ferhaal fan de bus nei Poalen makke it programma "Andere Tijden" yn jannewaris 2011 in dokumentêre.[2]

Skûtsjesilen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neist it reedriden is Jonker ek dwaande mei it skûtsjesilen. Hy is adviseur op it skûtsje fan syn soan Erik Jonker, De Jonge Rein, dat as thúshaven Wytgaard hat. It skûtsje sylt sûnt 2007 yn de IFKS-klasse, en promovearre yn in pear jier tiid nei de A-klasse, de heechste klasse. Yn 2012 waard it skûtsje trettjinde yn it einklassemint.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Referinsjes

  1. Rein Jonker Speedskatingnews
  2. Paniek in Polen: Elfstedentocht 1985 VPRO Andere Tijden