Reade Wolk-agintskip

Ut Wikipedy
It Reade Wolk-agintskip yn 1876.

It Reade Wolk-agintskip (Ingelsk: Red Cloud Agency) wie fan 1871 oant 1878 it Yndiaansk agintskip fan it Amerikaanske Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) foar de Oglala-Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho. Dit agintskip wie ferneamd nei it Oglala-opperhaad Reade Wolk (Red Cloud), en kaam ta stân ûnder de ôfspraken fan it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, út 1868, dat in ein makke oan 'e Oarloch fan Reade Wolk. Fan 'e Yndiaansk aginten dy't yn it Reade Wolk-agintskip tsjinnen, wie Valentine McGillycuddy fierwei it bekendste en ynfloedrykst.

It Reade Wolk-agintskip wie yn 'e sân jier fan syn bestean fêstige op trije ferskillende plakken yn Wyoming en Nebraska. Fan 1871 oant 1873 wie it earste agintskip sitewearre oan 'e rivier de Noardlike Platte yn it Wyoming-territoarium, likernôch oardel km bewesten it hjoeddeistige plak Henry, yn Nebraska. Yn augustus 1873 waard it agintskip ferhuze nei de noardwestlike hoeke fan Nebraska, yn 'e neite fan it stedsje Crawford. Dêr waarden op in heuvel dy't útseach oer de Wite Rivier, it eigentlik agintskip, mar ek kantoaren, in wente foar de Yndiaansk agint, in hoefsmidderij en stâlen foar hynders boud. Letter waard noch in skoalle tafoege en twa winkels foar it ferhanneljen fan alderhanne keapwaar mei de Yndianen.

Nei't yn maart 1874 de agintskipsklerk Frank Appleton fermoarde wie, stasjonearre it Amerikaanske Leger in ôfdieling kavalery by it Reade Wolk-agintskip. It militêre kampemint groeide neitiid út ta Fort Robinson. Under de Grutte Sû-Oarloch joech de Lakota-lieder Mâl Hynder him yn maaie 1877 mei ferskate oare haadlju oer yn Fort Robinson. Yn septimber fan dat jier waard Mâl Hynder yn it fort ferriedlik fermoarde. Dêrnei waard it Reade Wolk-agintskip yn oktober 1877 ferpleatst nei in lokaasje oan 'e Wite Rivier yn it suden fan Súd-Dakota. Fort Robinson en it Reade Wolk-agintskip, yn Nebraska, hawwe no de status fan in Amerikaansk national historic landmark. Yn 1878 waard it Reade Wolk-agintskip foar de fjirde en lêste kear ferpleatst, nei Pine Ridge, dêr't it neitiid it Pine Ridge-aginstskip neamd waard en it sintrum fan it Pine Ridge Yndianereservaat waard.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Further reading, op dizze side.