Ravi Shankar

Ut Wikipedy
Shankar yn Delhi, maart 2009
Shankar spilet de raga Madhuvanti, Iran jierren 1970

Robindra (Ravi) Shankar (Benares, 7 april 1920 - San Diego, 11 desimber 2012) wie in ynternasjonaal ferneamd Yndiaas muzikant en sitarfirtuoas, dy't meast namme makke hat as ambassadeur fan Yndiaaske muzyk yn it Westen. Pandit Ravi Shankar hat ûnder oaren gearwurke mei Yehudi Menuhin en mei The Beatles. Hy waard bekend yn it Westen nei't George Harrison him nei it Konsert foar Bangladesj helle.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jeugd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Robindra Shankar waard berne as in soan fan Shyam Shankar, in advokaat, steatsman en gelearde, dy't er earst op syn achste moete. Hy wie de jongste fan fjouwer broers.

Yn 1930 ferfarde 'Robu' mei syn mem nei Parys, dêr't syn âldste broer Uday Shankar in dûnsselskip hie; sels dûnse er yn 't earstoan ek. Yn 1935 kaam er lykwols yn 'e kunde mei Ustad Allauddin Khan, in muzykfirtuoas en de grûnlizzer fan de moderne Yndiaaske klassike muzyk, en krige fan him sân jier lang sitarles neffens it learling-mastersysteem. Yn 1939 joech er syn earste konsert.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Shankar skreau filmmuzyk en joech konserten. Yn 1952 moete er de fiolist Yehudi Menuhin op wa't er djippe yndruk makke, wat it begjin wie fan in libbenslange freonskip. Yn 1966 moete er George Harrison, en waard in bekende figuer yn de pop- en hippykultuer. Shankar spile op it Monterey- en Woodstockfestival, en organisearre mei it Konsert foar Bangladesj. Om 1970 liet Shankar de hippykultuer foar wat it is. Op 9 jannewaris 1978 wie er te belústerjen yn De Doelen yn Rotterdam. Dêr krige er kunde oan Siegfried Mohaboe. Mei Aman Bissesar en Anil Bachoe hawwe sy in protte konserten jûn.

Famylje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1941 troude er Khans dochter, Annapurna. Hja krigen in soan, Shebendra Shankar. Mei de Amerikaanske konsertpromotor Sue Jones krige er yn 1979 in dochter, Geetali Norah Jones Shankar, bekend as Norah Jones, de jazzsjongster. Hy boaske letter oan in bewûnderaar Sukanya Rajan, fan wa't er yn 1981 in twadde dochter krige, Anoushka Shankar, dy't ek in ferneamde sitarspylster wurden is en al neamd is foar in Grammy. Sitarist Ananda Shankar moat omke tsjin him sizze.

Underskiedingen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Shankar is faak ûnderskieden, ûnder oaren mei de heechste Yndiaaske boargerûnderskieding, Padma Vibhushan, de Frânske Commandeur de l'Ordre des Arts et des Lettres (1985), de Ramon Magsaysay Award en olve earedoktoraten. Ek hat er sân jier in sit hân yn it Yndiaaske hegerhûs.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Three Ragas (1956)
  • Improvisations (Album) (1962)
  • India's Most Distinguished Musician (1962)
  • India's Master Musician (1963)
  • Exciting Music of (1963)
  • In London (1964)
  • Ragas & Talas (1964)
  • Portrait of Genius (1964)
  • Sound of the Sitar (1965)
  • Live at Monterey (1967)
  • In San Francisco (1967)
  • West Meets East (1967)
  • At the Monterey Pop Festival (1967)
  • The Exotic Sitar and Sarod (1967)
  • A Morning Raga / An Evening Raga(1968)
  • The Sounds of India (1968)
  • In New York (1968)
  • Woodstock Festival (1969)
  • The Concert for Bangladesh (1971)
  • Transmigration Macabre (Soundtrack)(1973)
  • Homage to Mahatma Gandhi (1981)
  • Raga-Mala (Sitar Concerto No. 2) (1982)
  • Pandit Ravi Shankar (1986)
  • Tana Mana (1987)
  • Inside The Kremlin (1988)
  • Passages mit Philip Glass (1990)
  • Concert for Peace: Royal Albert Hall (1995)
  • Chants of India (1997)
  • Concerto for Sitar & Orchestra mei Andre Previn (1999)
  • Full Circle: Carnegie Hall 2000 (2001)
  • Between Two Worlds (2001)
  • Flowers of India (2007)
  • Full Circle: Carnegie Hall 2000 (2001)

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ravi Shankar fan Wikimedia Commons.