Pream

Ut Wikipedy
Pream op de helling
Hurdsilen mei preammen by Terherne ± 1930
Hynder en meanmasine yn de pream

In pream is in platboaiem foar it ferfier fan lânbouguod, bisten ensfh. oer binnenwetter. De pream is ien fan de âldste skiptypen; preammen waarden al brûkt yn de Romeinske tiid.

Ear't it wegenet oanlein waard moasten de boeren oer it wetter om by harren lân komme te kinnen. Boeren brûkten hjir meastal in pream foar. Simmerdeis en yn 'e maitiid waard it fee, de hynders en it ark mei dizze preammen nei it lân ta brocht, mei in boom of mei in jaachline. Letter waard hjirfoar in (bûtenboard)motor brûkt. Foar gruttere ôfstannen waard in seil brûkt. Swurden oan’e sydkanten fan 'e pream soargen der foar dat it skip net ferlijere.

Earst wienen de preammen fan hout, letter waarden se fan izer makke. Se waarden ek brûkt om dong, hea en oar guod mei te ferfieren. It wiene lykwols gjin konkurrinten fan skûtsjes, dy't brûkt waarden om gruttere ladings oer langere ôfstannen te ferfieren.

Nei de oarloch waarden in soad preammen opboud. Yn Terherne farde lykwols yn 'e sechtiger jierren al in sylpreamDe Komelker” dêr't mei ploechjes minsken mei te silen koene. Oan 'e ein fan de 20e iuw waarden de earste boerepreammen wer in eare hersteld, benammen troch de Fryske keunstner Ids Willemsma en troch Sjerp de Vries. Omdat der mei de opknapte preammen syld wurde moast, krigen dizze preammen in grutter túch. It blykten flugge en sportive skippen te wêzen. Mei’t de fleat restaurearre preammen groeide, woe men hieltyd leaver, krekt as eartiids, wer wedstriden hâlde. Yn 1996 waard de stifting De Fryske Boerepream oprjochte, dy’t de klassefoarskriften fêststeld hat.

Ofmjittings
  • lingte 11,00 m
  • breedte 2,80 m
  • djipgong romp 0,25 m
  • djipgong swurd 1,50 m

Seiloerflak:

  • grutseil 18 m²
  • fok 31 m²

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: