Plantesykte

Ut Wikipedy

In plantesykte kin feroarsake wurde troch ferskate organismen. De oantaastings troch skimmels, baktearjes, firussen en nematoaden wurde meast syktes neamd. De oantaasting troch ynsekten (lykas miten) en oare bisten, lykas fraat foar wyld en fûgels, neame jo pleagen.

De stúdzje fan de plantesykten hjit ek wol fytopatology. Plantesyktekundigen bestudearje hoe’t in ynfeksje ta stân komt, hoe grut it missen fan de opbringst is, en hoe’t jo gewaaksen minder fetber meitsje kinne.

Ferskate moderne lânbougewaaksen binne resistint foar syktes of pleagen. Dat is ek ien fan de doelen fan planteferedeling. Plantesykten kinne bestriden wurde mei in gemysk bestridingsmiddel, biologysk mei natuerlike fijannen en troch fruchtwiksel.

Skimmels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân binne de skimmels de wichtichste feroarsaker fan plantesykten. Foarbylden fan troch skimmels feroarsake sykten binne:

  • rust, lytse oranje, giele of brune plakjes op blêden
  • skurft, rûge plakjes op blêd en frucht (benammen by appel)
  • Ferwylgingssykten, skimmels sitte yn de houtieren fan planten en keare it wettertransport op, foarbylden binne de ypsykte of ferwylgingssykte
  • kanker, de skimmel soarget dat de bast fan in plant oantaast wurdt; de plant reagearret mei woekerings
  • bûnt, op de blêden sjogge jo lytse swarte of brune flokken
  • moaldau, in wyt skimmeloertrek boppe op de blêden
  • falsk moaldau, in wyt skimmeloertrek op de ûnderkant fan de blêden
  • boaiemsykte, woartels wurde oantaast sadat benammen kymplanten stjerre
  • ek heksebiezem yn bjirken wurdt troch de skimmel feroarsake

Skimmelsykten wurde gemysk bestriden mei fungisiden. Biologyske metoaden binne der amper. Yn de biologyske lânbou besykje se de striidberens fan planten te ferheegjen, of brûke se resistinte rassen.

Baktearjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sykten feroarsake troch baktearjes binne skealik. Baktearjesykten binne aardich besmetlik, in plant kin him net werstelle. Gemyske bestriding is boppedat net mooglik. Foarbylden binne baktearjefjoer en woartelknobben.

Fytoplasma's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fytoplasma's binne hiele lytse baktearjes sûnder selwant en binne besibbe oan mykoplasma’s. Se wurde troch ynsekten of fia intsjen oerdroegen en kinne by planten ferskate syktes feroarsaakje lykas it foarmjen fan blêden op it plak fan blombledsjes yn de blommen, foarming fan griene blommen, heksebiezems

Firussen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sykten troch firussen feroarsake lykje faak op erflike ôfwikings. Blêden wurde bûnt, soms skrolje blêden of ûntstiet in groeistoarnis. Blêdluzen binne ferneamde firusbringers. Tsjin firussen binne gjin bestridingsmiddels beskikber. Dêrom is it wichtich dat it útgongsmateriaal lykas poaters (ierdappels) of stekmateriaal firusfrij is.

Firoïden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Firoïden kinne planten ek oantaaste. Dy ha gjin aaiwytmantel en besteane allinnich út RNA of inkelstrings DNA. Ek hjir binne gjin bestridingsmiddels foar beskikber. In firoïde is in molekúl dat út in relatyf koart inkelstrings-RNA of inkelstrings-DNA bestiet. Fan dizze lêste binne mar in pear bekend; de measte firoïden besteane út RNA. It kin ferlike wurde mei in firus, mar in firoïde is folle lytser en hat gjin aaiwytmantel. Firoïden kinne har allinnich yn planten fermannichfâldigje. Der binne goed tritich soarten bekend. Firoïden binne ûntdutsen yn 1967 troch de Amerikaan Theodor Diener en binne slim fytopatogeen, it DNA befettet gjin synjalen foar oersetting yn aaiwyt. It earste firoïde dat ûntdutsen waard is ierdappelspindelknolfiroïde (PSTVd).

Firoïden binne sykteferwekkers by planten, lykas ierdappel, tomaat, komkommer en hop.

Firoïden wurde ek keunstmjittich makke foar brûken by genetyske manipulaasje. Under beskate omstannichheden is it mooglik in firus keunstmjitrich te degenerearjen ta in firoïde, dy’t dan allinnich noch út nuckleïnesoer dat himsels fermearderje kin bestiet. In firoïde is dus oars sein in neaken firus. As dizze firoïde mei it oarspronklike firus keunstmjittich fermeardere wurdt ûnder tafoeging fan nukleïnesoeren en aminosoeren, krije de firoïden de oerhân trochdat se harren flotter fermearderje.

Ieltsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sykten dy’t troch nematoaden (ieltsjes of rûnwjirms) feroarsake wurde lykje bytiden op firussykten. In soad ieltsjes libje yn de grûn en taaste de woartels oan, mar der binne ek stâle-ieltsjes en blêdieltsjes. Om’t ieltsjes har muoisum ferpleatse, oppenearje dy sykten har faak pleatslik. Yn in gewaaks ûntsteane dan ‘falplakken’. Troch jierrenlang itselde gewaaks te ferbouwen, bout in ieltsjepopulaasje him op. Troch fruchtwiksel kinne jo ieltsjesykten tefoaren komme. Bekende ieltsjesykten binne ierdappelwurgens, woartelknobbe-ieltsje, bitekyste-ieltsje en roazewurgens.

Ynsekten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pleagen dy’t troch ynsekten feroarsake wurde binne yn it grutste part fan de wrâld de wichtichste oarsaak fan opbringstferliezen. Wrâldwiid wurde ynsekten bestriden mei ynsektisiden. Yn it tuskenbeiden klimaat fan Nederlân binne benammen luzen (as oerdrager fan firussen), trips, guon rûpen en krobbelarven skealik. Ferskate blêdminearders taaste de blêden fan in soad plantesoarten oan.

Miten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek miten dy’t ta de Akarina hearre, kinne planten oantaaste. Foarbylden binne spint en Brevipalpus phoenicis dy’t passyblommen en oare fruchtgewaaksen oantaast.