Peter Johannes de Neui

Ut Wikipedy
P.J. de Neui

Peter Johannes de Neui (Ditzumerferlaat, 20 oktober 1828 - George (Iowa), 12 febrewaris 1907) wie in baptistefoargonger yn East-Fryslân, Fryslân en Noard-Amearika.

Baptistetsjerke Ditzumerferlaat stichte troch De Neui

Yn 1862 kaam er yn de kunde mei religieuze sykjende minsken, ûnder oaren mei ôfskiedenen yn Frjentsjer, dêr't er de earste Fryske baptistegemeente stifte yn 1864 (yn de âlde meniste fermanje). Oant 1871 wurke er dêr en yn oare Fryske plakken. Der ûntstienen lytse baptistegroepen yn Makkum, Warkum en Starum.

Yn 1870 joech er in oersetting fan de Dútske leauwensbelidenis fan de baptisten út. De Neui koe goed preekje, wie fol fjoer, mar wie in ûnrêstich man. Mei omdat er swierrichheden krige yn Frjentsjer ferfear er nei Amearika dêr't er yn Baleyville kaam te stean. Fierders stie er yn Grand Rapids, George, Steamboat Rock en Buck Grove. Hy hat ienris yn Nederlân werom west, yn 1884.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: