Paspuzel

Ut Wikipedy
Foarbyld fan in Fryske paspuzel
In wurdskower mei plaknammen
(in 'teplakskower' dus)
Blokpuzel

In paspuzel, ek wol wurdlispuzel of wurdlizzer neamd, is in krusing tusken in krúswurdpuzel en in lispuzel. Paspuzels besteane út in diagram en in wurdlist. By dizze puzelsoarte wurde wurden jûn ynstee fan oanwizings. Paspuzels ferskine yn tydskriften en puzelblêden, krektas wurdsikers, kryptogrammen en oare logyske puzels. Meidat paspuzels gjin ynhâldlike kennis fan spesifike ûnderwerpen fereasket, kin de puzel ek yn in oare talen oplost wurde.

Oplossen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oplossen fan in paspuzel kin middels trial-and-error. Faak wurdt al in earste wurd jûn om de puzelders in begjin te jaan. De yn te foljen wurden steane alfabetysk oardere op it tal letters. De puzelhokjes ha gjin nûmer en der wurdt meastentiids net oanjûn oft wurden horizontaal as fertikaal ynfold wurde moatte.

De puzelder krijt in diagram en in wurdlist. Om de puzzel goed op te lossen, moat der in oplossing fûn wurde wêrby’t alle beskikbere wurden yn it diagram passe. De beskikbere wurden steane oardere nei it oantal letters en op alfabet. Faak stiet ien wurd al ynfold as steun om oan de puzel te begjinnen.

It oplossen fan paspuzels komt meastal del op it sykjen nei wurden fan in bepaalde lingte mei letters op spesifike plakken. In foarôf ynfold wurd kin dêrby as útgongspunt brûkt wurde. Troch trial-and-error kin it bêste begûn wurde mei twa of trije wurden dy’t mooglik op in bepaald plakke passe kinne: tydlik ien fan de wurden ynfolje en sjen oft in ûnmooglike letterkombinaasje it resultaat is. Yn dat gefal moat in oar wurd op dat plak yn it diagram komme. Lytsere wurden passe miskyn wol makliker yn it diagram, mar langere wurden jouwe mear oanwizings foar it ferbinen fan wurden.

Farianten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan dizze puzelsoarte besteane ferskate swierrigensnivo’s.

wurdskower

De ienfâldichste fariant is de wurdskower. De begjinwurden binne dan al oanjûn mar moatte sa ferskood wurde dat der fertikaal in einoplossingswurd ûntstiet. Elk begjinwurd levert ien letter fan dit oplossingswurd.

diagramleaze paspuzel

In mear komplekse fariant fan de wurdlizzer is de diagramleaze paspuzel. By dregere puzels begjint de puzelder sûnder helpwurden mei in leech diagram. By in oare fariant wurde der hielendal gjin wurden fermelde, mar moatte wurden keazen wurden út in bekende groep wurden, bygelyks fyftich wurden út it tema 'Eartiidske telefyzjeprogramma's'.

blokpuzel

Noch in oare fariant is de blokpuzel of blokpaspuzel. Hjirby is in ynfolde krúswurdpuzel yn blokjes 'knipt' fan njoggen hokjes (3 by 3). Elk blokje moat op it goede plak yn it diagram 'lein' wurde. Faak binne yn it foar al in oantal letters en swarte hokjes jûn.

getallelizzer

In oar soarte fariant is de getallelizzer of siferlizzer. Dêrby moatte getallen ynfold wurde ynstee fan wurden. Yn dizze puzel kinne de fermeldingen werjûn wurde as it getal, mar ek as in wiskundige opjefte of sels in wichtich jier.

Taalpuzels

anagrampuzeldrûdelfilippinehertpuzelhynstesprongkryptogramkrúswurdpuzelpaspuzelpazurgorebussânglêspuzelscrabblesitaatpuzelspiraalpuzelSweedske puzeltrochrinnerwordfeudwurdfrisselwurdlwurdljedderwurdriuwenwurdsiker