Pander D

Ut Wikipedy
De Pander D op de loftfeartentoanstelling Parys 1924
In Pander D fotografearre yn Croydon, 1925

De Pander D wie in lyts Nederlânsk sportfleantúch. De iensits iendekker waard ûntwikkele út de Carley C.12 fan 1923.

Operasjonele skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Pandar D fleach foar it earst op 16 novimber 1924 mei J. van Opstal as piloat.

It publyk koe de Pandar D foar it earst sjen op de Paryske Loftfeartshow fan 1924; it tastel stie dêr yn de kream fan Pander en joech ek fleandemonstraasjes. It tastel waard oanbean foar £450. It twadde prototype brocht ein april 1925 in besite oan Croydon, FK; ferskate piloaten joegen dêr doe demonstraasjes. Augustustus fan itselde jier die ien mei oan in loftrace by Lympne (FK).

Totaal waarden tsien Panders makke; seis sivile en fjouwer militêre. Twa tastellen giene ferlern op testflechten, twa sivile waarden ferkocht yn Frankryk en Spanje, ien waard in skoft brûkt troch in Nederlânske fleanynstrukteur en seis giene nei Nederlânsk-Ynje. Twa Pander D's waarden ferkocht oan de Marine-Loftfearttsjinst, dy't se oars meast foar ferdivedaasje brûkte, en twa oan it KNYL dy't de tastellen foar stunts brûkte op loftfeartshows.

Spesifikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Bemanning: 1
  • Lingte: 4.95 m
  • Spanwiidte: 8.00 m
  • Fleugeloerflak: 10.80 m²
  • Gewicht leech: 175 kg
  • Maks. gewicht: 280 kg
  • Oandriuwing: 1 Anzani 3-sylinder, luchtkuolle, fan 20 hk
  • Topfaasje: 130 km/o
  • Lâningsfaasje: 40 km/o

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: