Ovidius

Ut Wikipedy
Ovidius
skriuwer
In optochte ôfbylding fan Ovidius.
In optochte ôfbylding fan Ovidius.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Publius Ovidius Naso
nasjonaliteit Romeinsk
berne 20 maart 43 f.Kr.
berteplak Sulmo (Romeinske Ryk)
stoarn 17 of 18 nei Kr.
stjerplak Tomis (Romeinske Ryk)
etnisiteit Romeinsk
wurk
taal Latyn
sjenre poëzij, non-fiksje
perioade Klassike Aldheid
bekendste
  wurk(en)
Metamorphoses
Consolatio ad Liviam
jierren aktyf ±20 f.Kr.17/18 nei Kr.
offisjele webside
n.f.t.

Publius Ovidius Naso, better bekend as Ovidius (20 maart 43 f.Kr. - 17/18 nei Kr.), wie in Romeinsk dichter, dy't tegearre mei Fergilius en Horasius beskôge wurdt as ien fan 'e trije grutte poëten fan 'e Latynske literatuer. Syn wurk waard in protte imitearre yn 'e Lette Aldheid en de Midsiuwen en wie fan grutte ynfloed op 'e ûntwikkeling fan 'e Jeropeeske keunst en literatuer.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ovidius waard yn 43 f.Kr. berne yn Sulmo (it hjoeddeiske Sulmona), yn in Apenynske delling beëasten Rome, as telch út in ryk en aadlik laach. Hy folge de wenstige oplieding foar lju út syn maatskiplike klasse, nammentlik yn 'e retoarika, ta abbekaat, en stie in hoartsje yn 'e tsjinst fan 'e steat, wêrby't er ek reizen ûndernaam nei Atene, Lyts-Aazje en Sisylje. Earne tusken 29 en 25 f.Kr. joech er syn politike karriêre der lykwols oan om him folslein oan 'e poëzij te wijen. Syn earste foardracht hold er yn 25 f.Kr., doe't er achttjin wie. Hy troude trije kear en wie al twaris skieden tsjin 'e tiid dat er tritich jier wie. Lykwols hied er mar ien bern, in dochter, dy't him úteinlik bernsbern skonk. Yn it begjin makken syn wurken Ovidius tige populêr yn Rome, mar einlings skynt er keizer Augustus op 'e iene of oare wize misjegene te hawwen, en dy ferballe him yn it jier 8 (nei Kr.) nei de stêd Tomis oan 'e Swarte See, it tsjintwurdige Constanţa, yn Roemeenje. De persize reden foar syn ferballing is ûnbekend, en nettsjinsteande syn oanhâldende smeekbeaen oan Augustus om weromkeare te meien nei Rome, moast er dêr oant syn dea, yn it jier 17 of 18, bliuwe, wylst er de tiid trochbrocht mei it skreauwen fan kleilieten oer syn jammerdearlik lot, it learen fan 'e pleatslike taal en mei fiskjen yn 'e Swarte See.

Wurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In edysje fan Metamorphoses út 1643.
  • De Heroides ("Heldinnebrieven"), in samling fan 21 yn dichtfoarm skreaune fiktive brieven fan froulju.
  • De Amores ("Leafdes"), in samling yn 3 boeken fan leafdespoëzij oer de skriuwer syn eigen (optochte) leafdesaventoeren.
  • De Medicamina Faciei Femineae ("Gesichtskosmetika foar Froulju"), likernôch hûndert oerlibjende regels fan in gedicht oer skientmebehannelings foar frouljusgesichten, dat earnstige didaktyske gedichten liket te parodiëarjen; de ein is ferlern gien.
  • De Ars Amatoria ("Keunst fan 'e Leafde"), in gedicht yn 3 boeken dat útleit hoe't men in frou ferliede en befrije moat.
  • De Remedia Amoris ("Genêzing fan 'e Leafde"), in gedicht dat de leafde behannelet as wie it in krupsje en der remeedzjes foar oandraacht.
  • De Metamorphoses ("Transformaasjes"), in samling yn 15 boeken fan likernôch 250 mytyske ferhalen werjûn yn epyske dichtfoarm.
  • De Fasti ("Hjeldagen"), in samling yn 6 (oerlibjende) boeken oangeande ûnderskate hjeldagen, earetsjinsten en byhearrende plechtichheden en harren plak yn 'e kalinder; de lêste 6 boeken hawwe nea bestien of binne ferlern gien.
  • De Ibis ("Ibis"), in skimpdicht yn 644 regels tsjin in ûnbekende fijân.
  • De Tristia ("Fertrieten"), in samling yn 5 boeken fan kleilieten oer de skriuwer syn ballingskip.
  • De Epistulae ex Ponto ("Brieven fan 'e Swarte See"), in samling yn 4 boeken fan fierdere yn ballingskip skreaune poëzij.
  • Medea, in trageedzje dy't folslein ferlern gien is en dêr't inkeld in pear sitaten út sekundêre boarnen fan oerlevere binne.

Twifelige wurken, taskreaun oan Ovidius[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Consolatio ad Liviam ("Treast fan Livia"), in lang gedicht ta treast fan Ovidius syn frou Livia by it ferstjerren fan har soan Drusus.
  • De Halieutica ("Oangeande Fiksjen"), in fragmintarysk didaktysk gedicht fan 134 regels oer de keunst fan it fiskjen.
  • Nux ("De Nutebeam"), in gedicht yn 'e foarm in monolooch útsprutsen troch in nutebeam.
  • Somnium ("De Dream"), in gedicht dat tradisjoneel ûnderdiel útmakket fan 'e Amores (3.5), mar wêrfan't men fermoedet dat it letter tafoege is.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Editions en Further reading, op dizze side.