Oranje sâneachje

Ut Wikipedy
oranje sâneachje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje aureliaflinters (Nymphalidae)
skaai oranje sâneachjes (Pyronia)
soarte
Pyronia tithonus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

De oranje sâneachje (Pyronia tithonus) is in flintersoarte yn it skaai fan de oranje sâneachjes (Pyronia).

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Oranje Sâneachje is algemiene stânflinter. De flinter komt yn twa ferskillende gebieten foar. Yn it noardeasten fan Nederlân en in it suden fan Nederlân. Dêr tuskenyn wurdt de flinter hast net sjoen.

Op de Nederlânske reade list stiet de flinters as no net bedrige.

Fleantiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter fleant fan begjin juny ôf, oant ein augustus. De flinter fleant altyd in ien generaasje.

Flinter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wjuklingte fan de flinter is likernôch 16 oant 20 mm lang. De boppekant fan de wjukken is oranje mei brune brede rânen. Yn de wjukpunt sit in swart plakje mei twa witte streekjes deryn. It mantsje hat in grutte swarte geurstreek op de foarwjukken. De flinter is lang dwaande om te sinnebaden. Se sitte dan mei sprate wjukken op strûken, beammen of planten.

Rûp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rûp oerwinteret as in healwaaks rûp yn in gerspôle. De rûp fret fan ferskillende soarten gers.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]