Omgongsdame

Ut Wikipedy
Arianny Celeste kundiget de trêde omgong oan by de mixed martial arts fan it UFC.

In omgongsdame of omgongsfamke (Ingelsk: ring girl) is in froulik model dat by it boksen, kickboksen en ferskate oare fjochtsporten tusken de omgongen troch yn 'e ring ferskynt mei in grut boerd dêr't it nûmer fan 'e neifolgjende omgong op fermeld stiet. Sokke froulju binne yn 'e regel kreas fan uterlik en drage net in soad klean. Yn guon gefallen tsjinje omgongsdames ek as begeliedsters by de opkomst fan 'e sporters, en om harren opkomstklaaiïng (lykas mantels of capes) oan te nimmen en út 'e ring te ferwiderjen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It idee fan 'e omgongsdames ûntstie yn 1965 yn in edysje fan it Amerikaanske tydskrift Ring Magazine, dat in foto publisearre fan in model yn Las Vegas dat in boerd mei it omgongsnûmer omheech hold by in bokswedstryd. Neitiid waard dat konsept troch Amerikaanske bokspromoters ynkorporearre yn 'e eveneminten dy't se organisearren. Yn in tiid dat it publyk by bokswedstriden noch foar hast hûndert persint út manlju bestie, soarge it fertoanen fan healneakene kreaze froulju foar seksuële oantrekking, wat holp om 'e populariteit fan 'e eveneminten oan te fiterjen. Ut 'e Feriene Steaten wei fersprate it ferskynsel fan omgongsdames him nei de rest fan 'e wrâld, en út it boksen wreide it him út nei it kickboksen en beskate oare fjochtsporten, lykas mixed martial arts en koaifjochtsjen.

Krityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der bestiet in protte krityk op it ynsetten fan omgongsdames, mei't benammen feministen it in seksistysk gebrûk fine. Sportsjoernaliste Malissa Smith hat it ferskynsel 'omgongsdame' bygelyks omskreaun as "iepentlike seksuële eksploitaasje." Oaren beskôgje omgongsdames lykwols as in ûnskealike tradysje. Sa neamde bokspromoter Lisa Elovich it ferskynsel "ûnderdiel fan 'e show". Wer oaren sjogge it as in moaie kâns foar modellen om bekendheid te winnen en in bloeiende karriêre fan 'e grûn te krijen. De krityk hat der wol foar soarge dat der no soms by wedstriden tusken froulike boksers in 'omgongsjonge' of 'omgongshear' ynset wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.