Oblast

Ut Wikipedy

In oblast (Russysk en Oekraynsk: область, Wytrussysk: вобласць of вобласьць (Łacinka: vobłaść - "voblast"); Tsjechysk en Slowaaksk: oblast; Bulgaarsk: област; Kazachsk: облысы as oblısı) is in bestjoerlike ienheid yn ferskate lannen lykas de Russyske Federaasje, Oekraïne, Wyt-Ruslân, Kazachstan, Kirgyzje, Bulgarije, Slowakije en foar in skoft yn it eardere Jûgoslaavje. De oblast is te ferlykjen mei in provinsje yn oare lannen sa as yn Nederlân. It wurd oblast betsjut letterlik "gebiet"[1] en komt benammen foar yn lannen mei in Slavyske taal en lannen dy't earder part fan de Sovjet-Uny wiene.

Oblasten lizze ornaris ien laach ûnder it nasjonale bestjoerslaach en binne fierder ûnderferparte yn distrikten, el wol rajons neamd. Meastentiids binne de oblasten neamd nei it bestjoerlik sintrum dêrfan.

Yn guon eardere Sovjetrepubliken waard nei 1991 it wurd oblast omneamd nei in namme dy't ôflaat is fan it Arabyske wilaya. Dat jild foar Uzbekistan en Tadzjikistan (viloyat) en Turkmenistan (welayat).

Sûnt 2000 fynt der yn Ruslân in grutte weryndieling fan it bestjoerlik systeem plak. Ien fan de feroarings wie it opsetten fan federale distrikten, in oerkoepeljende bestjoerslaach dêr't de oblasten, krajs, republiken, autonome gebieten en federale stêden yn groepen ynferparte wurde. Ek in stel fan de gebietsdielen waarden gearfoege ta gruttere ienheden.

Lannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bulgarije[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Bulgaarske ienheidsteat is sûnt 1999 yn 28 oblasten ferparte, dy't foar 1987 as okrûgs oantsjut waarden. Fan 1987 oant 1999 eltse trije oant fjouwer okrûgs yn ien oblast gearfoege.

Kazachstan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kazachstan is ûnderferparte yn 14 oblısı en twa stêden mei in bysûndere status.

Kirgyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kirgyzje is yn sân oblasten en twa selsstannige stêden Bisjkek en Osj ferparte.

Ruslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Oblasten fan Ruslân.

Yn Ruslân binne der 46 oblasten, dy't mei harren autonomy te ferlykjen binne mei Amerikaanske steaten en Dútske dielsteaten.

Slowakije[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne 4 oblasten dy't allinnich brûkt wurde as regio's oangeande de NUTS-yndieling.

Oekraïne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ukraïne hat 24 oblasten en de Krim en 2 stêden hawwe in bysûndere status.

Wyt-Ruslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne 6 voblasten en it haadstêdlik distrikt fan Minsk.

Joegoslaavje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1922 oant 1929 wie it Keninkryk Jûgoslaavje ûnderferparte yn 33 oblasten.

Sovjet-Uny[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Sovjet-Uny wiene de oblasten de bestjoerslaach ûnder dy fan de Sovjetrepubliken.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://www.duden.de/rechtschreibung/Oblast