Nuete mûs

Ut Wikipedy
nuete mûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje mûseftigen (Muridae)
skaai echte mûzen (Mus)
soarte
Mus musculus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: n.f.t. (hûsdier)

De nuete mûs of domestisearre mûs is in ta hûsdier makke foarm fan 'e hûsmûs (Mus musculus). Nuete mûzen wurde al sûnt minskewitten as hûsdier holden. Dêrnjonken tsjinje se ek as libben fretten foar fleisitende hûsdieren, lykas slangen. Troch selektyf fokken hawwe se har ûntjûn ta in wiid ferskaat oan kleuren en foarmen. Yn it wyld hawwe hûsmûzen in libbensferwachting fan minder as in jier, mar nuete mûzen kinne wol trije jier wurde.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ierst bekende ferwizing nei it hâlden fan mûzen as hûsdieren stiet yn 'e Erya, it âldste oerlevere Sineeske wurdboek, dat datearret út 1.100 f.Kr. Yn Jeropa waard it hâlden fan en fokken mei mûzen populêr troch de yntroduksje fan eksimplaren út Japan wei, yn 'e iere santjinde iuw. Yn 1895 rjochte Walter Maxey yn it Fiktoriaanske Ingelân, dêr't it fral foar fammen en dames fan stân modieus wie om in mûs of sliepmûs as selskipsdier te hawwen, de National Mouse Club op. Datselde jiers noch hold dy organisaasje yn Lincoln syn earste mûzetentoanstelling. Neitiid wreide it hâlden fan mûzen him oer de hiele Westerske wrâld út, en no wurde yn withoefolle lannen jierlikse tentoanstellings holden, en ek wedstriden, wêrby't de bistkes beoardiele wurde op kleur, lichemsfoarm en hâlden en dragen.

In wite nuete mûs.

Ferskillen tusken nuete en wylde rotten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oars as dat by hûnen of fretten it gefal is, wike nuete mûzen net genôch fan harren wylde wjergaders ôf om in eigen ûndersoarte te foarmjen. Lykwols binne der ferskate dúdlike ferskillen tusken nuete en wylde mûzen. Sa komme nuete mûzen troch selektyf fokken yn in folle grutter ferskaat oan lichemsfoarmen foar as wylde mûzen: se kinne wol 30 sm wêze fan snút oant sturtpunt. Fierders hawwe se ek in folle grutter kleurferskaat, en komme se foar mei swart, sûkelarjebrún, blauwich, wyt, krêmkleurich, lila-eftich, readbrún, gielbrún, bêzje, dûnkergriis, ljochtgriis en bûnt hier.

Mûzehâlderij[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mûzen kinne foar in protte minsken de ideäle hûsdieren wêze, om't se lyts binne en dus frijwol gjin romte ynnimme en om't men gjin fermogen kwyt is oan har foer. Ek hoege se nea wosken te wurden en kinne se leare om te genietsjen fan oanhellingen. Wyfkes wurde oer it generaal leaver en mear holden as mantsjes, mei't harren miich minder sterk rûkt en se sûnder swierrichheden mei oare mûzewyfkes gearlibje kinne. Mantsjes hawwe in ûnútbanbere territoariumdriuw, dy't har derta oanset om lykfol hokker oar mantsje oan te fallen en te besykjen te deadzjen, ek al komme se út itselde nêst en binne se tegearre grutbrocht. Oan 'e oare kant wurdt der sein dat mantsjes mear persoanlikheid en nijsgjirrigens hawwe as wyfkes.

Fiif wite nuete mûzen.

Mei't mûzen sosjale bistkes binne, is it de baas om se yn groepen fan teminsten twa eksimplaren te hâlden. Dêrby moat men lykwols al yn 'e rekken hâlde dat men gjin geslachtsryp mantsje en wyfke byinoar set, want ûnder de optimale omstannichheden dy't in bestean as hûsdier oer it algemien biedt, kinne dy ienris per trije wiken in nêst fan 5 oant 18 jongen fuortbringe.

Foar it hâlden fan mûzen sil men in glêzen terrarium of in koai mei fine gazene traaljes oanskaffe moatte, mei't se kwetsber binne foar predaasje troch katten, hûnen, slangen, en sels lidpoatigen en rotten. De boaiem fan 'e koai kin bestruid wurde mei seachsel of papierpulp, en krekt as oare kjifdieren hawwe nuete mûzen der nocht oan om yn in rinrêd te draven. As men mei mûzen ompakt of boartet, moat men foarsichtich wêze om se net sear te dwaan, ek al binne se ferrassend robúst foar har grutte. Se hawwe lykwols tige minne eagen, dat men moat derom tinke dat se net te fier oer in râne lynje en komme te fallen.

Nuete mûzen hawwe der oer it algemien aardichheid oan om har baaskes oer de earms te kuierjen en har bûsen en mouwen te ûndersykjen, of om gewoan by har baaske op 'e skurte te sitten wylst se harsels woskje. Se kinne leare om oanhelle te wurden. Mûzen binne fan natuere net bytsk, mar as men har sear docht of as se har bedrige fiele, sille se likegoed fan har ôf bite. Ien grut neidiel oan it hâlden fan mûzen as hûsdier is wol dat se net skjin (zindelijk) makke wurde kinne. Hoewol't harren kjitte út lytse hurde keuteltsjes fan mar in pear mm bestiet, en dus net sa gekke folle kwea kin, is har miich faak sterkrokich en kin it plakken neilitte yn stoffene materialen. Oan 'e oare kant koarje mûzen dan wer nea.

In nuete mûs op ûntdekkingstocht.

Nuete mûzen kinne fan alderhanne fretten hawwe, mar it is it bêste om se fral spesjaal mûzefoer te jaan, dat men by de bistewinkel keapje kin. Grienten as woartels, spinaazje en slaad meie se graach oer, mar tefolle dêrfan bringt se oan 'e diarree, dat it is de baas om dêr mijen mei te wêzen. Bôlekrommels en rys en sels fleisprodukten wolle se ek wol hawwe, hoewol't datsoarte spul net it grutste part fan it dieet útmeitsje moat. Men moat nuete mûzen ek wat hurds jaan om op te gnaujen (in blokje hout of sa) om har trochgroeiende kjiftosken ôf te sliten, want oars sykje se sels wat út en dat kin wolris wat wêze dêr't men leaver gjin gnabbelspoaren yn hawwe wol.

Sykten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om't mûzen mar sa'n lytse lichemsgrutte hawwe, hawwe se muoite om har eigen lichemstemperatuer te regulearjen. Siging kin by har sadwaande al rillegau ta brongitis of sels longûntstekking liede. Ek diarree is by mûzen, op 'e nij fanwegen harren lytse lichemsgrutte, in slimmer probleem as by oare bisten, mei't se gauwer útdrûge reitsje. Fierders reitsje se op jierren faak oanhelle mei tumors, yn 't bysûnder de wyfkes, dy't in relatyf soad jaarweefsel hawwe (yn ferhâlding ta har lichemsgrutte) en dêrtroch mear as gruttere sûchdieren it risiko rinne om boarstkanker te krijen. Te min beweging, ta einbeslút, kin yn mûzen, krektlyk as yn minsken, ta oergewicht of obesitas liede. In rinrêd yn 'e koai kin datoangeande wûnders dwaan. As men in mûs loslit om wat beweging te krijen, moat men him goed yn 'e rekken hâlde, mei't mûzen ynstinktyf de oanstriid hawwe om in behindich sideplak op te sykjen, en krij se der dan mar wer ris út.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.