Noardfrysk

Ut Wikipedy
Noardfrysk
Eigen namme: nordfriisk, Nuurđfriisk, nuurdfresk, Noorfriisk, nordfreesk, nordfrasch, nordfräisch, noordfreesch
Sprutsen yn: Dútslân
Taalgebiet: De Kreis Noard-Fryslân (Dútsk: Nordfriesland), yn it noardwesten fan 'e dielsteat Sleeswyk-Holstein, oan 'e Noardseekust fuort besuden de Deenske grins, en it ta de Kreis Pinneberch hearrende eilân Hilgelân (Helgoland) yn 'e Dútske Bocht.
Tal sprekkers: 15.000 (teljier 1999)
Taalklassifikaasje: Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Frysk
          ● Noardfrysk
Dialekten: Sölring, Fering-Öömrang (ynkl. Fering en Öömrang), Hilgelânsk, Hallichfrysk, Wiiringhiirder, Böökinghiirder (ynkl. West-Mooringer en East-Mooringer), Karhiirder, Noarder-Goeshiirder, Middel-Goeshiirder, Suder-Goeshiirder
Alfabet: Latynske alfabet
Status
Offisjele status: Noardfrysk hat yn Dútslân erkenning as minderheidstaal.
Bibeloersetting: Gjin (yn 1954 kamen de Evangeeljes fan Markus en Mattéus yn it Noardfrysk út).
Taalkoades
ISO 639-1: n.f.t.
ISO 639-2: gem
ISO 639-3: frr

It Noardfrysk is in taal dy't heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen. Mei it Westerlauwersk Frysk en it Sealterfrysk foarmet it de Fryske taalgroep.

It Noardfrysk wurdt sprutsen yn Noard-Dútslân, yn it westlike part fan 'e Kreis Noard-Fryslân (Dútsk: Nordfriesland), dy't yn it noardwesten fan 'e dielsteat Sleeswyk-Holstein leit en dêr't Hüsem de haadstêd fan is. It Noardfryske taalgebiet beslacht in krite oan 'e Noardseekust, fuort besuden de Deenske grins, en acht eilannen foar de kust. Fierders wurdt it ek sprutsen op it ta de Kreis Pinneberch hearrende eilân Hilgelân (Helgoland), yn 'e midden fan 'e Dútske Bocht.

Tal sprekkers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Noard-Fryslân hat sa'n 156.000 ynwenners en Hilgelân likernôch 2.000. Dêrfan beskôgje sa'n 60.000 (oftewol sa'n 38%) harsels as Noardfriezen. De Noardfryske taal wurdt lykwols mar sprutsen troch sa'n 8.000 oant 10.000 minsken, wat delkomt op likernôch 5,1% oant 6,3% fan 'e befolking. Dêrby moat oantekene wurde dat dat persintaazje op 'e Noardfryske Waadeilannen, benammen op Feer (Dútsk: Föhr) en Oomram (Amrum), folle heger leit. De ferklearring dêrfoar is dat de ôfhandige eilannen lange tiid nochal isolearre west hawwe, sadat de ynfloed fan it Dútsk dêr folle lytser wie, en boppedat hat it Noardfrysk op 'e eilannen altyd in hegere status hân as op it fêstelân. It liket in realistysk skatting dat in tredde fan de ynwenners fan Föhr en Amrum noch Frysk prate. Dertsjinoer stiet dat it dialekt fan Söl (Sylt) hast útstoarn is (noch mar troch likernôch 1% fan de befolking sprutsen). Dit hat foaral te krijen mei de grutte toerisme-ymmigraasje fan Leechsaksysk- en Heechdútsksprekkers.

Hjoed de dei befine de grutste konsintraasjes Noardfrysksprekkers har op 'e westlike helte fan it eilân Feer en op it noardlike part fan it Noardfryske fêstelân, yn 'e omkriten fan it twillingdoarp Risem-Loonham (Dútsk: Risum-Lindholm). It Noardfrysk wurdt tsjintwurdich eins allinne op 'e eilannen Söl (Dútsk: Sylt), Feer en Oomram, op it fêstelân yn 'e omkriten fan Risem-Loonham en mooglik ek op Hilgelân noch trochjûn oan 'e bern. Benammen op Feer en Oomram wurdt it noch wol troch de jongerein ûnderinoar brûkt, al is der troch de âldere generaasjes nochal wat krityk op 'e Dútske ynfloeden yn harren Noardfrysk.

Under de boppeneamde 8.000 oant 10.000 Noardfrysktaligen yn Noard-Fryslân binne sa'n 1.000 lju dy't it Noardfrysk as twadde taal troch kursussen of selsstúdzje oanleard hawwe. Nochris sa'n 20.000 ynwenners fan Noard-Fryslân sizze (in dialekt fan) it Noardfrysk ferstean te kinnen, mar net te sprekken. Bûten Noard-Fryslân wenje nei alle gedachten noch ferskate tûzenen Noardfrysktaligen ûnder de Noardfriezen om utens yn Sleeswyk-Holstein en de rest fan Dútslân en ûnder de Noardfryske emigranten yn 'e Feriene Steaten (benammen yn 'e steaten New York (steat) en Kalifornje), Kanada en guon Latynsk Amerikaanske lannen. It totale oantal Noardfrysksprekkers leit sadwaande wierskynlik om 'e 15.000 hinne.

De lokaasje fan it Noardfryske taalgebiet yn Dútslân.

Oarspronklik wie it Noardfryske taalgebiet folle grutter, mar troch de iuwen hinne is it hieltyd fierder ynkrompen, foar in grut part troch de opmars fan it Nederdútsk yn eardere tiden en dy fan it Dútsk yn 'e lêste iuw. Sa stoar it Noardfrysk troch it opkringen fan it Nederdútsk al om 1500 hinne út op it grutte skiereilân Eiderstedt, dat besuden fan it echte Noard-Fryslân leit, mar dat wol ta de tsjintwurdige Kreis Noard-Fryslân heart.

De ynwenners fan Noard-Fryslân dy't Noardfrysk sprekke en dy't harsels as Noardfriezen beskôgje ôfset tsjin 'e folsleine befolking fan 'e Kreis.

Healwei de njoggentjinde iuw wienen der yn Noard-Fryslân noch mear as 30.000 Noardfrysktaligen, dy't yn frijwol alle doarpen de mearderheid fan 'e befolking útmakken. Yn it Ynterbellum (de perioade tusken de beide Wrâldoarloggen) wie it tal Noardfrysksprekkers al weromrûn nei sa'n 15.000. Lykwols wie dat doe noch altyd ien trêde fan 'e befolking fan Noard-Fryslân en yn guon doarpen wienen de Noardfrysktaligen noch altyd yn 'e mearderheid.

Om oan te jaan hoe't de taalferhâldings ferskoden it folgjende foarbyld. Yn it doarp Rornees (Dútsk: Rodenäs), tsjin 'e Deenske grins oan, spruts yn 1905 60% fan 'e minsken Noardfrysk, 20% Deensk en 20% Dútsk of Nederdútsk; yn 1975 wie dat feroare yn 70% Dútsk of Nederdútsk, 19% Noardfrysk en 11% Deensk. Dêrby moat opmurken wurde dat yn dat lêste jier der ûnder de minsken fan boppe de fyftich jier noch in mearderheid fan Noardfrysktaligen bestie, wylst fan 'e jongeren ûnder de tweintich jier minder as 3% it Noardfrysk noch machtich wie.

It Noardfrysk giet trouwens net allinne efterút kwa oantal sprekkers, mar ek wat syn kwaliteit oanbelanget, want it stiet ûnder tige sterke druk fan it Dútsk. Krekt troch de lytse fermiddens dêr't de ferskillende dialekten noch yn sprutsen wurde, geane de feroarings troch de Dútske ynfloed tige hurd.

Der binne hjir en dar ek wat optimistyskere lûden te hearjen: mûglik wurdt it "haaddialekt", it Mooring, troch in tanommen bewustwêzen fan de regionale identiteit troch de jongeren wer wat mear praat as troch de minsken fan middelde leaftiid. Itselde wurdt jildt foar de dialekten fan Föhr en Amrum (de hast identieke dialekten Fering en Öömrang). De takomst sil útwize moatte hoe grut dizze ynfloed wêze sil.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan it Noardfrysk.

It Noardfrysk hat in plak op de Noardfryske eilannen krigen om 800 hinne, doe't de eilannen troch in weach fan Friezen fan it suden út kolonisearre waarden. It fêste lân waard lykwols nei alle gedachten earst Frysktalich yn in nije weach om 1100 hinne. It grutste Frysktalige eilân, Strân is yn 1634 fuortspield, wat in dúdlike ynfloed hân hat op de posysje fan it Noardfrysk. De ierst bekende tekst yn it Noardfrysk is in oersetting fan 'e kategismus fan Luther út likernôch 1600. Pas oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw kamen der mear Noardfryske teksten. Yn de 20e iuw krige de taal in eigen plak yn it ûnderwiis.

Dialekten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Noardfrysk wurdt opmakke út net minder as tsien sterk faninoar ferskillende dialekten, elk mei syn eigen stavering, grammatika en wurdskat. Ien fan dy dialekten, it Suder-Goeshiirder, wurdt lykwols yn 1981 beskôge as útstoarn, wylst teminsten trije oare (it Middel-Goeshiirder, it Hallichfrysk en it Karhiirder) dan op it rântsje fan it útstjerren balansearje.

In oersetting fan it "Us Heit" lit de ferskillen tusken dialekten sjen.

De dialektkloften[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Noardfryske dialekten wurde ornaris opdield yn twa kloften, de fêstelândialekten en de eilândialekten. Dy kloften binne mar foar in part ûnderling fersteanber, eat dat nei alle gedachten weromfierd wurde kin op 'e ferskillende kolonisaasjeperioaden fan 'e eilannen en it fêstelân, dy't trijehûndert jier útinoar leinen. Mar ek yn 'e beide kloften besteane tusken de dialekten grutte ferskillen; fral yn 'e eilânkloft is dat it gefal.

It Sölring, it dialekt fan it eilân Söl, bygelyks, hat him sa ôfwikend ûntwikkele, dat it tsjintwurdich foar de sprekkers fan 'e oare eilândialekten frijwol net mear te ferstean is. Mei't it mooglik is en stek by leech wetter it Waad tusken Feer en Oomram oer, lykje de dialekten fan dy eilannen krekt tige opinoar (sadwaande hat men it dan ek faak oer it Fering-Öömrang as ien dialekt). En it Hilgelânsk (Halûndersk), fan it fier fuort yn 'e Dútske Bocht leine Hilgelân stiet frjemdernôch folle tichter by it Fering-Öömrang as it Sölring.

Troch de ûnderlinge ferskillen tusken de dialekten hienen yn ferline de Noardfrysksprekkers ek nea kontakt yn 'e eigen taal mei de sprekkers fan in oar dialekt, hoewol't dat, benammen op it fêstelân, wol kinnen hie. Ynstee dêrfan sprutsen se mei oare Noardfriezen yn it Nederdútsk. Ek tsjintwurdich is dat noch fierhinne de omgongstaal yn Noard-Fryslân.

De ûnderskate dialekten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Noardfryske dialekten.

Troch harren relative isolaasje op it Waad en harren hegere maatskiplike status steane de eilândialekten, dy't noch sprutsen wurde troch yn totaal sa'n 7.000 minsken, der oer it algemien better foar as de fêstelândialekten, dy't mei-inoar mar sa'n 3.000 sprekkers hawwe. It dialekt mei de measte sprekkers is it eilândialekt fan Feer, it Fering, dat noch troch sa'n 3.000 minsken sprutsen wurdt. Feer hat sa'n 11.000 bewenners en men kin stelle dat likernôch in trêde part dêrfan Fering sprekt of ferstean kin.

De selsstannigens fan 'e dialekten is tekenjend foar de sitewaasje fan it Noardfrysk. Sa hawwe de measte dialekten, fral dy fan 'e eilannen, in eigen ynfrastruktuer opboud, dy't wantrouwend bewekke wurdt troch de lokale taalferienings, lykas de Sölring Foriining op Söl; de Fering Stiftung op Feer; en de Öömrang Ferian op Oomram.

Fan 'e njoggen noch libjende haaddialekten hearre der trije ta de eilângroep: it Hilgelânsk fan Hilgelân, it Sölring fan Söl, en it Fering-Öömrang fan Feer en Oomram. Datlêste dialekt kin wer ûnderferdield wurde yn fjouwer subdialekten: it Öömrang, it Westerlân-Fering, it Súd-Fering en it Easterlân-Fering. Op it fêstelân binne de haaddialekten (fan noard nei súd): it Wiiringhiirder, tusken de Deenske grins en Emmelsbüll; it Böökinghiirder, tusken Niebüll en Fahretoft; it Karhiirder, om Stedesand hinne; it Noarder-Goeshiirder, tusken Bargum en Bredstedt; en it Middel-Goeshiirder, tusken Bredstedt en Bomstedt.

It útstoarne Suder-Goeshiirder waard noch wer besuden dêrfan sprutsen, om Hattstedt en Schobüll hinne. Yn Schöbull stoar it al yn 'e jierren sechstich út, yn Hattstedt yn 1981. De Nordfriesische Wörterbuchstelle (it "Noardfrysk Wurdboekynstituut") besiket no dit dialekt te rekonstruëarjen, troch gebrûk te meitsjen fan âlde bânopnames út 'e jierren fyftich, sechstich en santich.

Fierders hat it Böökinghiirder yn syn eastlike gebiet twa frij sterk ôfwikende subdialekten, it West-Mooringer en it East-Mooringer, dy't tradisjoneel net meiteld wurde as selsstannige dialekten. It West-Mooringer wurdt om Niebüll hinne sprutsen en it East-Mooringer om Risem-Looham hinne. Op 'e lytse Halligen-eilannen Nees, Olân, Groue, Habel en Hege, besuden Feer, wurdt ta ein beslút noch it Hallichfrysk sprutsen, dat ek ta de fêstelângroep rekkene wurdt, dêr't it nammentlik folle mear mei gemien hat as mei de oare dialekten fan 'e oare eilannen.

Dialektnammen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De eigen nammen fan 'e fêstelândialekten (bygelyks Frasch, Freesk, Fräisch) binne basearre op it konsept "Frysk", wylst de eilândialekten neamd binne nei it eilân dêr't se sprutsen wurde: Sölring op Söl; Öömrang op Oomram; Fering op Feer; en Halûndersk op Hilgelân. It wurd Friisk is betocht as neutraal kompromis foar alle Noardfryske dialekten of alle Noardfriezen. Dy oantsjutting is yn 'e rin fan de tiid ûnderdiel wurden fan ferskillende nammen lykas Friisk Foriining, Friisk Gesäts of Nordfriisk Instituut.

Ynfloeden fan oare talen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Noard-Fryslân is in paradys foar taalkundigen, mei't der withoefolle talen sprutsen wurde. Yn it foarste plak is der fansels it Noardfrysk, yn njoggen sterk útinoarrinnende dialekten, dan it Nederdútsk, it Dútsk, it Deensk en it Súdjutsk, in Deensk dialekt, dat lykwols foar Denen fan 'e eastlike eilannen frijwol ûnfersteanber is. Fansels is it Noardfrysk troch de iuwen hinne sterk troch al dy oare talen beynfloede. De ferdútsking fan de taal en it ferdwinen hat nei 1945 tanommen doe't de befolking van Sleeswyk-Holstein mei de helte tanaam troch de fêstiging fan flechtlingen út East-Prúsen, dy't troch Poalen en Russen út har heitelân ferdreaun wiene. Ek it gebrûk fan it Nederdútske Platt waard nei de oarloch yn it deistich ferkear ferfongen troch it Heechdútsk.

Standerdisaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der is oant hjoed de dei ta noch gjin Noardfryske standerttaal foarme, benammen fanwegen de ferskillen tusken de dialekten. Dy binne nammentlik sa grut, dat in protte taalkundigen it Noardfrysk net as ien, mar as fjouwer nau besibbe, mar selsstannige talen beskôgje: it Fêstelânnoardfrysk, it Fering-Öömrang, it Sölring en it Hilgelânsk.

Troch de gearwurking fan 'e lêste tritich jier binne der lykwols al guon basisôfspraken oangeande de stavering makke. Sa wurde der yn it Noardfrysk guon lûden mei diakrityske tekens brûkt ("ä", "å", "ö" en "ü") en wurde lange lûden werjûn troch ferdûbeling fan 'e oangeande letter ("aa", "ää", "åå", "ee", "ii", "oo", "öö", "uu", "üü"). En de Dútske Großschreibung, it gebrûk om haadwurden mei in haadletter te begjinnen, is yn it Noardfrysk ôfskaft.

It Noardfrysk beskikt rûchwei oer itselde ferskaat oan lûden as it Westerlauwersk Frysk, mar de stavering fan dy klanken is oernommen fan it Dútsk en it Deensk. Ut it Dútsk komme de letters "ä" (de "e" fan "lek), "ö" ("u"fan "put") en "ü" ("ú") en út it Deensk komt de "å" (de "o" fan "hok"). Sadwaande wurdt de "ää" dus útsprutsen as "ê", de "åå" as "ô", de "öö" as "eu" en "äi" as "ij".

De Noardfryske organisaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Twatalich boerd by de plysje yn Hüsem
Twatalich boerd op it stasjon yn Hüsem
In twatalich plaknammeboerd yn Noard-Fryslân.

Der besteane twa Noardfryske organisaasjes, dy't yn it ferline nochal ris deilis mei-inoar wienen, eat dat de Noardfryske taalstriid grif net te'n goede kommen is. De Noardfryske Feriening (Nordfriesische Verein) is fan oarsprong in Dútske streekferiening, dy't it behâld fan 'e Noardfryske eigenheid binnen in grutter Dútsk ferbân foarstie. De Friisk Foriining, dat ek oerset wurde kin mei "Noardfryske Feriening" en dy't foarhinne bekendstie as de Foriining for nationale Friiske ("Feriening foar Nasjonale Noardfriezen"), is in mear frysksinnige organisaasje, dy't al fan 'e tweintiger jierren ôf stribbe nei erkenning fan 'e Noardfriezen as nasjonale minderheid.

Hjoed de dei wurkje de NFV en de Foriining ienriedich mei-inoar gear om 'e Noardfryske taal en kultuer te behâlden en te beskermjen. Dy gearwurking fynt plak yn 'e Frasche Redj of Freeske Räid ("Noardfryske Rie"), dy't residearret yn Risem-Loonham. Fan 'e leden fan dy rie wurde der fjouwer foardroegen troch de NFV, twa troch de Foriining en ien elk troch de Feriening fan it Noardfrysk Ynstitút, de gemeente Hilgelân en de Heimatbund Landschaft Eiderstedt ("Streekferiening Lânskip Eiderstedt").

Dy Frasche Redj foarmet tagelyk de Noardfryske seksje fan 'e Grutfryske Rie, dêr't kontakten yn ûnderholden wurde mei de Westerlauwerske Friezen yn Nederlân en de Eastfriezen en de Sealterfriezen yn Nedersaksen. Ek is de Frasche Redj de fertsjintwurdiging fan 'e Noardfriezen foar alle kommunikaasje mei it regear fan 'e Bûnsrepublyk Dútslân, de dielsteat Sleeswyk-Holstein, de Kreis Noard-Fryslân en legere, gemeentlike oerheden. Dêrtroch is er ferantwurdlik foar de ferdieling fan 'e subsydzjes foar de Noardfryske taal en kultuer. Fierders ûnderhâldt de Frasche Redj sûnt 1994 kontakten mei de oare autochtoane minderheden yn Dútslân, te witten de Denen, Sealterfriezen, Nederdútsers, Sorben, Sinty en Roma.

It Noardfrysk yn 'e praktyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 'e sechstiger jierren belibbet it Noardfrysk in twadde taalrenêssânse. Lykwols binne der foar sa'n lytse minderheidstaal altyd in protte swierrichheden. Mei't se sels gjin ynfloedrike lobby hawwe, hawwe de Noardfriezen der tige by tige fan profitearre dat se meilifte koenen op 'e pakjedrager fan 'e sterke Deenske minderheid yn Dútslân. Op dy manear hawwe se nettsjinsteande de faak ôfwizende hâlding fan 'e Dútske oerheden dingen witten te berikken dy't oars nei alle gedachten ûnberikber bleaun wienen.

Offisjele erkenning[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op lokaal nivo[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wat de kommunikaasje mei de lokale oerheden oangiet, dy fynt mar yn in tige lyts persintaazje fan 'e gefallen yn it Noardfrysk plak. Wannear't dat bart, is it altyd yn in mûnling ûnderhâld, nea yn skriftlik kontakt. Mei't it Noardfrysk gjin offisjele status hat, wurdt it net tastien yn offisjele dokuminten of by rjochtssaken. Yn ien gefal waarden ferieningsstatuten yn it Noardfrysk troch in rjochter akseptearre nei't der in Dútske oersetting oan tafoege wie.

Op it front fan 'e plak- en strjitnammen sit der de lêste jierren wol wat beweging yn. Sa binne sûnt 1998 twatalich Dútsk-Noardfryske plaknammebuorden mooglik, wylst men yn guon plakken yn Noard-Fryslân koartby Noardfrysktalige strjitnammen ynfierd hat. Noardfryske hûsnammen binne al lang tige populêr, benammen op 'e eilannen.

Op dielsteats- en lanlik nivo[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't it Noardfrysk yn Dútslân gjin offisjele status hat, is it in erkende minderheidstaal, dy't stipe en beskerme wurde moat. De grûnwet fan 'e dielsteat Sleeswyk-Holstein (Art. 5), út 1990, garandearret de rjochten fan 'e Deenske en Noardfryske minderheden. Op 11 novimber 2004 waard troch de lândei fan Sleeswyk-Holstein de Wet op 'e Noardfryske Taal, better bekend as it Friisk Gesäts, oannommen, dat de rjochten fan 'e Noardfriezen yn it iepenbiere libben noch fierder útwreide.

Sûnt 1988 bestiet it Gremium für Fragen der friesischen Bevölkerungsgruppe im Lande Schleswig-Holstein ("Kommisje foar Fraachstikken fan 'e Fryske Befolkingsgroep yn 'e dielsteat Sleeswyk-Holstein") en sûnt 1991 hat de steatsbegrutting fan Sleeswyk-Holstein in post foar stipe oan 'e Noardfryske taal en kultuer. Ek bestiet der sûnt 2005 in kontaktkomitee foar de Noardfriezen mei de Dútske Bûnsdei.

Yn Europeesk ferbân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It regear fan 'e Bûnsrepublyk Dútslân hat it Noardfrysk yn 1998, tegearre mei it Sealterfrysk, út 'e dielsteat Nedersaksen, it Nederdútsk en fiif oare talen opjûn ûnder Diel III fan it Europeeske Ferdrach foar Regionale of Minderheidstalen. Dêrneist binne de Noardfriezen erkend as nasjonale minderheid ûnder it Ramtferdrach oangeande Beskerming fan nasjonale minderheden dêr't taal ek in wichtich ûnderdiel fan is.

It Noardfrysk yn it Underwiis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Frysk ûnderwiis yn Dútslân.

Beuker-, basis- en middelber ûnderwiis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e lêste tweintich jier hat it Noardfrysk in folle sterkere posysje yn it ûnderwiis witten te bemachtigjen, mar dy foarútgong wurdt oanhâldend bedrige troch praktyske swierrichheden, lykas it brekme oan geskikte learmiddels en leararen. Uteinlik komt it, lykas altyd, benammen oan op jild, dat der net of yn elts gefal te min is.

Lykwols is de foarútgong fan 'e lêste desennia opmerklik. Foar de jongste bern binne der sûnt 1991 guon Noardfrysktalige beukerskoallen, benammen op 'e eilannen Söl, Feer en Oomram, dy't sa'n hûndert bern betsjinje kinne. Op 'e basisskoallen mei twa oeren yn 'e wike les jûn wurde yn it Noardfrysk. Dêr wurdt benammen wer gebrûk fan makke op 'e eilannen. Likernôch tûzen skoalbern krije yn 'e wike ien of twa oeren Noardfryske taalles.

Yn Risem-Loonham hat de Friisk Foriining in folslein Noardfrysktalige basisskoalle oprjochte. De finansiering dêrfan bard troch in mesk yn 'e wet, want de skoalle is offisjeel Deensktalich, sadat er ûnder de minderheidswetjouwing fan 'e Denen falt.

Op 'e middelbere skoallen wurdt it Noardfrysk mar yn inkelde gefallen as lesfak oanbean. Op 'e nij binne dat fral skoallen op 'e eilannen, benammen op Feer. Net mear as in twahûndert learlingen oan 'e middelbere skoallen krije jiers les yn it Noardfrysk.

Heger ûnderwiis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Frisistyk.

Wat it heger ûnderwiis oangiet, kin Noardfrysk studearre wurde oan 'e universiteiten fan Kiel, de haadstêd fan Sleeswyk-Holstein, en Flensboarch, it sintrum fan 'e Deenske minderheid yn Sleeswyk. De learstoel Noardfyske taal- en letterkunde oan 'e Christian Albrechtuniversiteit fan Kiel bestiet sûnt 1978.

Sûnt 1950 is ek al de saneamde Nordfriesische Wörterbuchstelle (it "Noardfryske Wurdboekynstitút") oan dy universiteit fêstige. Dy Nordfriesische Wörterbuchstelle waard oprjochte mei de bedoeling om úteinlik te kommen ta ien grut, alomfetsjend wurdboek fan alle Noardfryske dialekten. Troch praktyske swierrichheden en brekme oan jild is it der oant hjoed de dei ta net fan kommen om sa'n Gesamtnordfriesisches Wörterbuch gear te stallen. Al it ynsammele materiaal hoecht lykwols net lizzen te bliuwen; it idee is no om alles yn 'e kompjûter yn te fieren en der in soarte fan tesaurus fan 'e Noardfryske dialekten fan te meitsjen. Soks soe in goede útgongsbasis jaan foar in eventueel noch te publisearjen wurdboek, mar ek foar bygelyks taalkundich ûndersyk en it ûntwikkeljen fan nije learmiddels.

De learstoel Noardfryske taal- en letterkunde oan 'e Bildungswissenschaftliche Hochschule Flensburg, Universität ("Opliedings- en Wittenskiplike Hegeskoalle Flensboarch, Universiteit") bestiet sûnt 1988. Flensboarch is it iennichste plak dêr't behalven leararen foar de middelbere skoallen ek ûnderwizers foar de basisskoallen oplaat wurde kinne. Yn 1996 waard it Noardfrysk yn Flensboarch as haadfak ôfskaft en koe it yn it ferfolch allinne noch mar as byfak folge wurde. Mar nei felle protesten út sawol Dútslân as Nederlân waard dat beslút yn 2000 weromdraaid. Sûnt genietet it Noardfrysk as universitêre oplieding yn Flensboarch grutte belangstelling, sterker noch, it oantal studinten Noardfrysk hat noch nea sa heech west. Yn 2001 wienen der acht studinten dy't it Noardfrysk as haadfak hienen en likernôch fyftich dy't it as byfak folgen.

Behalven yn it regulier ûnderwiis kinne ek yn it folwoeksenenûnderwiis opliedings Noardfrysk folge wurde. Jiers folgje sa'n hûndert folwoeksenen de Noardfryske kursussen oangeande taal, kultuer en skiednis dy't fersoarge wurde troch de NFVen de Friisk Foriining.

It Noardfrysk yn 'e media[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e media hat it Noardfrysk in folle minder sterke posysje. Der ferskine sporadysk Noardfrysktalige stikjes yn guon regionale Dútsktalige kranten, lykas it Nordfriesland Tageblatt ("Noard-Fryslân Deiblêd"), de Sylter Rundschau ("Sylter Revu") en de Inselbote ("Eilânboade"). Ek de Flensborg Avis ("Flensboarger Krante"), de krante fan 'e Deenske minderheid, printet út en troch in artikel yn it Noardfrysk. De fearnsjierblêden Nordfriesland ("Noard-Fryslân") en de Helgoländer ("Hilgelanner") foar 10 oant 15% út Noardfrysktalich materiaal besteane. It jongereintydskrift Frisica Nova ferskynde yn it tiidrek 1967-1988 en wie foar de helte yn it Noardfrysk skreaun.

Op 'e Dútske radiostjoerder NDR (Norddeutsche Rundfunk - "Noarddútske Omrop") wurdt trije en in heale minút yn 'e wike yn it Noardfrysk útstjoerd. No betsjinnet de NDR hiele Noard-Dútslân, fan 'e Nederlânske oant 'e Poalske grins, dat sa nuver is dy lytse belangstelling foar it Noardfrysk net. It Nais foon diling ("Nijs fan hjoed") is fan moandei oant en mei freed op de radiostasjons Antenna Sylt en Friisk Funk te beharkjen. Friisk Funk is elke dei in oere lang te hearren op de Offener Kanal Schleswig-Holstein (Westküste).

Op 'e regionale tillefyzjestjoerder NDR, dy't ek hiele Noard-Dútslân betsjinnet, wurdt hielendal gjin Noardfrysk útstjoerd.

It Noardfrysk yn literatuer, toaniel en film[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der bestiet in beskieden Noardfryske literatuer. Jiers komme der likernôch trije Noardfrysktalige boeken út. Dêrûnder binne boeken oangeande grammatika en oare taalkundige wurken, wurdboeken, berneboeken, lietboeken en ferhalebondels en út en troch ris in roman. De oplagen binne fansels tige lyts.

Ek binne der noch sa'n acht Noardfrysktalige toanielferienings, dy't tige populêr binne. Fierders binne der folkloristyske dûns- en klaaiïngsferienings en guon Noardfrysktalige koaren. Fan sommige fan dy koaren binne cd's beskikber, krekt as fan inkelde oare artysten, lykas it Dragseth Duo en de folkssanger Knut Kiesewetter.

Koartlyn is de earste Noardfrysktalige film, in dokumintêre mei de titel "Klaar Kiming", produsearre troch de Friisk Foriining. Der is foar soarge dat dizze in oere duorjende produksje mei Dútske, Ingelske en Deenske ûndertitels te krijen is.

It Noardfrysk yn 'e tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e tsjerken wurdt it Noardfrysk mar út en troch brûkt en Noardfryske tsjinsten binne tige seldsum. De kennis fan 'e taal ûnder de dûmnys is almeast minimaal. Sûnt 1955 binne de Evangeeljes fan Markus en Mattéus beskikber yn in Noardfryske oersetting en yn 2000 ferskynde it earste lietboek yn it Noardfrysk, mei as titel "Loow nü e Hiire" ("Loovje no de Heare"). Dêr wie fiif jier oan wurke en it telt 260 lieten en fierders psalmen, gebedens en liturgyen.

Foarbyld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Et Nordfrasch as en weestergermaanschen spräke, wat foon amänbai 10.000 manschne bai e weestsiikånt foon Slaswik-Holsteen önj Nordfraschlönj snååked wård. (Bökinghiirder Noardfrysk)

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Arhammar, N. , Das Nordfriesische im Sprachkontakt (unter Einschluß der nordfriesischen Lexikologie), yn: Handbuch des Friesischen / Handbook of Frisian Studies, Max Niemeyer Verlag 2001
  • Hemminga, P., Het beleid inzake unieke regionale talen - Een onderzoek naar het beleid en de beleidsvorming met betrekking tot een drietal unieke regionale talen: het Fries in Nederland en het Noordfries en Sorbisch in Duitsland, Ljouwert, 2000.
  • Martinen, H., en Walker, A., The North Frisian language in primary education in North Frisia, Federal Republic of Germany, Ljouwert, 1988.
  • Walker, A., North Frisian - The North Frisian language in education in Germany, Ljouwert, 1997.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eksterne keppelings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Wikipedia
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Noardfryske ferzje.