Nitroglyserine

Ut Wikipedy
Nitroglyserine

Nitroglyserine of glyseryltrinitraat (ôfkoarting: NG) is in kleurleaze floeistof. It is de yn 1847 útfûne trijefâldige ester fan glyserine en salpetersoer.

De namme nitroglyserine is feitlik ferkeard: nitro-ferbiningen hawwe formeel in NO2-groep, wylst der hjir sprake is fan in nitraatgroep: -ONO2. Nitroglyserine heart ta de groep fan organyske nitraten.

Synteze[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nitroglyserine kin makke wurde troch ferestering fan glyserine mei salpetersoer, ûnder ynfloed fan swevelsoer (net te betiizjen mei aromatyske nitraasje). Dit is in tige eksplosyf reaksjeproses wêrby't in soad foarsoargen nommen wurde moatte om eksploazjes by it meistjen foar te kommen, lykas en lege temperatuer en it foarkommen fan skokken.

Dynamyt[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemikus Alfred Nobel ûntdekte yn 1867 dat de fysyske gefoelichheid fan it materiaal tige fermindere wurde koe troch it opsûgje te litten yn in poreuze stof, lykas seachgsel of diatomeeënierde (in poreuze grûnsoarte, opboud út de skeletsjes fan iensellige keizelwieren of diatomeeën.) De sa ûntstien substânsje neamde hy dynamyt, it is in tige krêftich eksplosyf dat no noch altiten belangrike tapassings hat. De útfining fan dynamyt makke Nobel sa ryk, dat hy yn steat wie de Nobelprizen yn te stellen yn syn testamint.