Nieuwsblad van het Noorden

Ut Wikipedy
Affysje út 1900
makker: Johann Georg van Caspel

It Nieuwsblad van het Noorden wie in krante út Noard-Nederlân. Op 1 april 2002 gie it Nieuwsblad van het Noorden op yn it Dagblad van het Noorden, yn 'e mande mei it Groninger Dagblad en de Drentse Courant.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It earste eksimplaar ferskynde op 2 juny 1888. De net-partijbûne krante kaam yn it earstoan allinnich op woansdei en sneon út en koste 2 sinten per los eksimplaar.

Utjouwer wie sjoernalist en amtner Joan Nieuwenhuis (1856-1939). Inkele moannen letter soe printer Ruurt Hazewinkel Jzn. (1855-1940) de krante oernimme.

Oarlochsjierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de earste fjouwer jierren fan de Twadde Wrâldoarloch bleau it Nieuwsblad van het Noorden ferskinen tanksy in goergeunstige hâlding nei de Dútsers ta. Doe't de akseptaasje fan in NSB -haadredakteur wegere waard, folge yn july 1944 in ferskiningsferbod. Op 26 jannewaris 1946 ferskynde de krante pas wer, earst yn in oplage fan 35.000 eksimplaren.

De Grinzer publisist Johan van Gelder wijde yn 2001 in boek oan de oarlochsperioade ûnder de titel Het Schandaal, de "aanpassing" fan it Nieuwsblad van het Noorden. Hy wiist op in pro-Dútske hâlding en antisemityske artikels en mient dat it ferskinen fan de krante staakt wurde moatten hie. Van Gelder ferwyt de útjouwers, de bruorren Hazewinkel, dat se allinnich harren famyljebedriuw yn stân hâlde woene. Dat wie gjin daad van bovengronds verzet, lykas de Hazewinkels bewearden. By de ferskining fan it boek neamde directeur Gijs Lensink fan Hazewinkel Pers de oantigings fan Van Gelder "swier" en "net terjochte" Fan 1961 - 1987 wie Ger Vaders haadredakteur. Vaders krige lanlike bekendheid trochdat hy as tafallige passazjier yn de trein siet dy't desimber 1975 by Wijster troch Molukkers kaapt waard. Ein jierren santich rekke hy yn konflikt mei de redaksje, wêrnei't hy de deiske lieding fan de krante oerdroech.

Kantoar[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kantoar Nieuwsblad aan het Zuiderdiep

It Nijsblêd siet jerrenlang yn in Jugendstilpand oan it Gedempte Zuiderdiep yn Grins. It gebou út 1903, ûntwurpen troch Gerrit Nijhuis, is in ryksmonumint. De krante ferhuze yn 1997 nei nijbou op it bedriuwenterrein oan de Sontweg.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: