Nicolaas Pierson

Ut Wikipedy
Nicolaas Gerard Pierson

Nicolaas Gerard Pierson (Amsterdam, 7 febrewaris 1839Heemstede, 24 desimber 1909) wie in Nederlânsk bankier, ekonoom en liberaal politikus.

Famylje-eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nicolaas Pierson wie de jongste[1] fan de seis bern fan keapman Jan Lodewijk Gregory Pierson en de skriuwster Ida Oyens. Hy wie in broer fan de predikanten Allard en Hendrik Pierson. Pierson troude yn 1862 mei Catharina Rutgera Waller, it pear krige gjin bern.

Politikus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pierson wie in finansjeel en ekonomysk saakkundige dy't as minister mei in soad gesach spruts. Hy wie ûnderoaren heechlearaar en direkteur fan De Nederlandsche Bank. Pierson brocht as minister fan Finânsjes yn it Kabinet-Van Tienhoven in wichtige belestinferoaring ta stân. Fan 1897 oant 1901 joech er lieding oan it nei him neamde kabinet-Pierson dat bekend waard as it 'kabinet fan sosjale rjochtfeardigens'. Dêrnei hat er noch fjouwer jier yn de Twadde Keamer sitten foar it distrikt Gorinchem.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pierson stie teffens mei H.B. Wiardi Beckman oan it haad fan de firma Beckman en Pierson, dy't hannele yn katoen en koloniale waren (fan 1861-1864).
Pierson's wichtichste twa ekonomyske publikaasje binne Grondbeginselen der Staathuiskunde en Leerboek der Staathuiskunde; it lêste is ek yn it Ingelsk en Italjaansk oerset.
Hy wie ien fan de grûnlizzer fan it Sintraal Buro foar de Statistyk.

Pierson Peinje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ta eare fan Pierson waard in stichting oprjochte ta befoardering en it útdragen fan syn wittenskiplike ynteresses. De Stichting ken eltse trije jier de Pierson Penning ta oan in tige fertsjintstlik ekonomist mei de Nederlânske nasjonaliteit, dy't der út rint troch de kwaliteit en de djipgong fan syn publikaasjes.

De Pierson Penning waard ûnder oaren takend oan de ekonomen Willem Buiter, Cornelis Goedhart, Arnold Heertje, Geldolph Adriaan Kessler, Theodorus Cornelis Michael Josephus van de Klundert, Johannes Jacobus Klant, Jan Pen, Rick van der Ploeg, Theodorus Aloysius Stevers en Jan Tinbergen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Der wienen feitlik sân bern, mar in jongere broer stoar al mei fjouwer jier. Sjoch: Biografy Ida Oyens Ynstitút foar Nederlânske Skiednis