Nes (It Hearrenfean)

Ut Wikipedy
Nes (It Hearrenfean)
Wettertoer
Wettertoer
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente It Hearrenfean
Sifers
Ynwennertal 1.025 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 8,43 km², wêrfan
- lân: 7,87 km²
- wetter 0,56 km²
Befolkingsticht. 132 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 03' N 5° 51' E
Kaart fan Akkrum-Nes
Kaart fan Akkrum-Nes
Offisjele webside
Side Akkrum-Nes
Kaart
Nes (Fryslân)
Nes

Nes is ien fan de doarpen yn 'e gemeente It Hearrenfean. It doarp leit mei de bebouwing oan Akkrum, sadat meast sprutsen wurdt oer Akkrum-Nes. It doarp leit op it plak dêr't de Nesker Sylroede op de Boarn útkomt. De namme, dy't yn 1243 foar it earst neamd wurdt, hat it krigen fan de punt lân tusken dizze twa wetters. Under it doarp falle ek de buorskippen Bokkum, Burstum, Pean en Soarremoarre.

It doarp hat 1.025 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ruïne fan it konvint fan Nes yn 1722

Nes is ûntstien op in terp oan de noardkant fan de Boarn, eastlik fan de Nesker Sylroede. Op dy terp stie fan 1228 oant 1580 it Nesker Konvint, in kommanderij fan de Dútske Oarder. Nei de ynfiering fan de reformaasje ferfoel it gebou. Yn de 18e iuw wie dat sa slim wurden dat men om 1800 hinne de klok oerbrocht nei in apart klokhús. Op de terp binne no allinnich noch it klokhús en it tsjerkhôf oer.

Oant yn de 19e iuw lei it grutste part fan it doarp yn de hoeke tusken Boarn en Sylroede westlik fan de terp by de Neskersyl. Akkrum en Nes leine oarspronklik likernôch oardel kilometer fan inoar ôf. Yn de 20e iuw hat der in grutte útwreiding west oan de súdkant fan de Boarn en oan it begjin fan de 21e iuw is oan de westkant fan de Sylroede de grutte útwreiding Boarnstee byboud. Tsjintwurdich is der gjin iepen romte mear tusken Nes en Akkrum.

Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 hearde Nes by de eardere gemeente Utingeradiel. Dêrnei makke it plak diel út fan de gemeente Boarnsterhim en sûnt 2014 fan de gemeente It Hearrenfean.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nes docht in soad yn 'e mande mei it westlik oangrinzgjende doarp Akkrum en hat sûnt 1950 in mienskiplik doarpsbelang. Nes en Akkrum hawwe ek in mienskiplike Mulfyfunksjonele Akkomodaasje. Sûnt 2019 hat it doarp mei Akkrum in doarpskeamer.

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skoalle[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

MFA Akkrum-Nes

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferieningslibben fan Nes is mienskiplik mei Akkrum.

Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1840 1913 1954 1959 1964 1969 1973 1999
Ynwenners 98 198 205 195 202 168 163 199
Jier 2002 2005 2010 2015 2020
Ynwenners 575 1000 1107 1086 1060

(Boarnen: 1840: Plaatsengids.nl; 2015 en 2020: Alle Cijfers)

Ferbinings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nes leit oan de âlde Leppedyk en de A32, dêr't it lykwols allinnich oer de N392 ferbining mei hat. De A32 giet hjir ûnder it Leppe-akwadukt troch om't ek de Boarn troch Nes rint. Dy rivier komt út it easten fan Aldeboarn en rint nei it westen nei Akkrum. Yn it doarp giet fan de Boarn de Nesker Sylroede troch de Neskersyl nei it noarden, nei de Peanster Ie en fierder nei Grou.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klokkestoel

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Burstum, Bokkumerwâl, Burdinewei, De Harhammer, De Harke, De Iperen Poarte, De Oper, De Opstekker, De Reak, De Rolpeal, De Seine, De Strikel, De Syl, De Tiempeal, De Wurdze, It Harspit, It Swee, Kleasterwei, Pean, Soarremoarre, Sodumerdyk, Sylroedepaad.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

It Hearrenfean
Doarpen en útbuorrens:
AldeboarnAldhoarneAldskoatAkkrumBontebokGersleatHaskerdikenHoarnstersweachIt HearrenfeanJobbegeaKetlikDe KnipeLúnbertMildaamNesNijbrêgeNijhoarneNijskoatOranjewâldTerbantTsjalbert
Buorskippen:
AldskouAnnebuorrenBrongergeaBurstumEasterboarnJinshuzenMeskenwierPeanPoppenhuzenJobbegea-SkuorregeaSoarremoarreSpitsendykSythuzenWarniahuzen
wizigje