Natoerramp

Ut Wikipedy
De Aziatyske tsûnamy koste yn 2004 oan mear as 250 miljoen minsken it libben.

In natoerramp of natuerramp is in grutskalige ramp dy't feroarsake wurdt troch de natuerlike prosessen fan 'e Ierde. Sa'n barren hat jammerdearlike gefolgen foar alle libbene wêzens, wêrûnder minsken, dy't yn in troffen gebiet tahâlde. It kin resultearje yn (in protte) deaden en ferwûnen, en soarget ornaris foar in soad materiële skea, dy't net selden pas nei jierren hielendal wer bymakke is. De materiële skea soarget op syn beurt foar ekonomyske skea, mei't men meastal gjin jild fertsjinje kin salang't alteast in diel fan 'e materiële skea net ferholpen is. As sa'n selde jammerdearlik barren plakfynt yn in gebiet dêr't (frijwol) nimmen wennet, sil it net gau in natoerramp neamd wurde, fanwegen it simpele feit dat as kritearium foar in natoerramp yn it foarste plak jildt dat der in protte minsken troch troffen wêze moatte.

Natoerrampen kinne yndield wurde yn twa kategoryen. Natoerrampen troch eksogene krêften wurde feroarsake troch natoerferskynsels yn 'e atmosfear. Dêrby kin men tinke oan in orkaan, in tornado, in oerstreaming, in drûchte, in hjitteweach of in natoerbrân (dy't ûntstiet troch in wjerljochtynslach of troch drûchte). Natoerrampen troch endogene krêften komme fanút de Ierde sels. Dêrby kin men tinke oan in ierdbeving, in ierdferskowing, in fulkaanútbarsting, in berchstoarting, in lahar (dreklawine), in lawine, in rotslawine of in tsûnamy. Guon seldsume natoerrampen, lykas meteoarynslaggen en sinneflammen, litte har min kategorisearje.

Yn beskate sin is it tsjinstelde fan in natoerramp in kultuerramp, dy't feroarsake wurdt troch minsklik hanneljen. Men kin dan tinke oan in fleanramp, in treinramp of in miljeuramp. Dêrby moat wol oantekene wurde dat it ûnderskie tusken in natoerramp en in kultuerramp stadichoan hieltyd dreger te meitsjen falt, om't de opwaarming fan de Ierde, dy't teminsten foar in grut part it gefolch is fan minsklik hanneljen, oerstreamings, ekstreme drûchten en almar swierdere orkanen feroarsaket.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.