NOF

Ut Wikipedy

De N.V. Noord-Oost-Friesche Autobusonderneming (NOF) is in earder bedriuw yn Dokkum dat fan 1938 oant 1971 iepenbier ferfier mei autobussen fersoarge yn de noard-eastlike hoeke fan Fryslân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oprjochting, yn 1938 yn Ealsum, wie it risseltaat fan de gearfoeging fan in grut tal lytse autobusfirma's: Jelle Jansen yn Dokkum, W. Holwerda en Van der Mei & Co. yn Eanjum, Weidenaar te Easternijtsjerk, Wid. P. Tienstra-Aalsma yn Ikkerwâld en Woudstra út Oentsjerk. Letter kaam Tadema fan Burdaard der noch by. Under druk fan de ryksoerheid, dy't konsintraasje fan it streekferfier neistribbe, seagen se yn dat harren fuortbestean yn gefaar kaam at se noch langer aparte bedriuwkes bliuwe soene. Allinnich in sterk streekferfierbedriuw koe mei súkses it ferfier oernimme fan it Spoar fan Ljouwert nei Eanjum, it Dokkumer Lokaaltsje oer Stiens, Holwert en Dokkum. Dit spoar wie yn 1935-36 foar reizgersferfier sluten. Yn it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch kamen de treinen efkes werom, mar net foar lang, sadat de NOF ûnder hieltiten swierdere omstannichheden it ferfier geande hâlde moast.

De eardere firmanten ferkochten per 1 jannewaris 1942 harren oandielen oan de ATO, de dochterûndernimming dy't de NS oprjochte hie om mear ynfloed yn it streekferfier te krijen. Yn 1944 waard oan de NOF in gedielte fan de NADO - ek in ATO-dochter - tafoege (it oare Fryske diel gie nei de NTM en it Grinslanner diel nei de GADO).

Nei de befrijing ferdwûn de ATO fan it toaniel en waard de NOF in streekrjochte dochterûndernimming fan de NS. It ferfiersgebiet besloech it noardeastlike diel fan Fryslân, begrinze troch de Waadsee, de eardere Lauwerssee en de grins mei Grinslân. Ek waarden oanslutende bustsjinsten riden nei de fearboattsjinsten nei de Waadeilannen: rjochting It Amelân oer de rûte Ljouwert - Holwert (yn 1942 oernomd fan de LAB) en rjochting Skiermûntseach oer De Skâns. Yn de jierren sechtich krige de NOF ek de autobustsjinsten op trije eilannen sels yn hannen troch de oername fan de firma's Soepboer op Skiermûntseach yn 1962, Wagenaar en Hollumer Autobus Onderneming (HABO) op It Amelân yn 1967 en Cupido op Skylge yn 1969. De NOF wie ek warber yn it touringcarferfier en hie har - mei de oare Fryske ferfierders NTM, ZWH, LAB en LABO - oansluten by de reisorganisaasjte Cebuto.

Hoewol't de NOF binnen it NS-konsern in relatyf lyts bedriuw wie, ûntstie gjin yntegraasje mei de tichtby ridende, folle gruttere NS-dochter NTM. Dat barde pas yn 1971, doe't NOF en NTM tegearre opgienen yn de nij oprjochte Fryske Autobusmaatskippij (FRAM). Dêrta krige de NOF de oandielen fan de LABO, dy't sels eigener waard fan de LAB. De namme NOF hearde nei 1 april 1971 ta it ferline.

Bedriuwskleur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant begjin jierren fyftich wienen de bussen fan de NOF wyt mei donkerread. Dit wie earder de bedriuwskleur fan de eardere firmant Van der Mei. Dêrnei krigen de NOF-bussen in griene kleur, mar oan de ein fan de jierren sechtich waard oergien op donkerblau. Dêrmei joech de NOF - hoewol in NS-dochter - blyk fan eigensinnichheid, want yn deselde perioade keas de grutte mearderheid fan de streekferfierbedriuwen, ynklusyf de NTM, foar de kleur giel as kenmerkend foar it iepenbier-ferfier yn Nederlân. De blauwe perioade by de NOF duorre net lang, want de nij foarme FRAM naam, hielendal yn styl mei it NS-belied, fan begjin ôf oan de giele kleur oan.

Museumbus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Noardelik Bus Museum te Wynskoat hat it behear oer in Leyland-Verheul standerd streekbus, nûmer 1121 út 1968, yn de blaue NOF-kleuren.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]