NDC Mediagroep

Ut Wikipedy

De NDC Mediagroep (NDC stiet foar Noordelijke Dagblad Combinatie, Frysk: Noardlike Deiblêd Kombinaasje) is in bedriuw, oprjochte yn 2007, dat him taleit op it útjaan fan regionale en lokale kranten. Dêrneist hâld it bedriuw him dwaande mei eveneminte-organisaasje en nijsargivearring. Der binne trije haadfêstigings, yn Ljouwert, Grins en Meppel.

De NDC Mediagroep is ûnder oare de útjouwer fan de noardlike deiblêden de Ljouwerter Krante, it Deiblêd fan it Noarden en it Frysk Deiblêd.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

NDC Mediagroep is ûntstien troch it yninoar opgean fan de Hazewinkel Pers en de Fryske Pers. Dy bedriuwen wurken al sûnt 1990 gear ûnder de namme 'Noardlike Deiblêd Kombinaasje'. Yn 2005 waard it hiele oandielekaptaal fan de boeke-útjouwer Veen Bosch en Keuning ynhelle. Dêrmei ûntstie yn 2006 VBK. Yn jier letter binne de nammen Hazewinkel Pers en Fryske Pers ferdwûn en is de NDC Mediagroep ûntstien, dy't op syn beurt wer ûnderdiel útmakket fan NDC|VBK. Yn 2020 waard NDC Mediagroep oernommen troch it Belgyske Mediahuis.

Warberens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De NDC bestiet út in stik as wat bedriuwen. Dizze bedriuwen hâlde har ek dwaande mei media. Foarbylden fan dizze bedriuwen binne:

Neist de Ljouwerter Krante en it Deiblêd fan it Noarden jouwe de NDC en syn bedriuwen noch tsientallen tydskriften en wykblêden út. Foarbylden hjirfân binne:

Neist de skriftlike warberens ûnderhâldt de NDC Mediagroep ek websiden en wol er him noch mear talizze op ynteraktive mêd fan it media-barren.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: