Minorkareuzesliepmûs

Ut Wikipedy
Minorkareuzesliepmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje sliepmûzen (Gliridae)
skaai Baleaarske sliepmûzen (Hypnomys)
soarte
Hypnomys mahonensis
Bate, 1918
IUCN-status: n.f.t. (fossyl)

De Minorkareuzesliepmûs (Latynske namme: Hypnomys mahonensis) is in útstoarn sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e sliepmûzen (Gliridae) en it skaai fan 'e Baleaarske sliepmûzen (Hypnomys). Dizze soarte bestie fan it Midden-Pleistoseen oant resint (d.w.s. inkele tûzenen jierren lyn), en wie yn syn fersprieding beheind ta it eilân Minorka, ien fan 'e Spaanske Baleären, yn it Westlik Bekken fan 'e Middellânske See.

Taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Minorkareuzesliepmûs wie folle grutter as syn neiste sibben op it fêstelân fan Jeropa, en wurdt dêrom beskôge as in foarbyld fan eilângigantisme, it ferskynsel dat guon bistesoarten dy't isolearre op eilannen libje har ta folle gruttere foarmen ûntjouwe as dat op it fêstelân oerlibje kinne soene. De Minorkareuzesliepmûs wie it naust besibbe oan 'e (krektlyk útstoarne) Majorkareuzesliepmûs (Hypnomys morpheus) fan it buoreilân Majorka, en dêrnei oan 'e skaai fan 'e ikelmûzen (Eliomys).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.