Michael Berk

Ut Wikipedy
Michael Berk
regisseur en/of produsint
persoanlike bysûnderheden
echte namme Michael Jerome Berk
nasjonaliteit Amerikaansk
berne ûnbekend
berteplak ûnbekend (Feriene Steaten)
wurkpaad
wurksum as filmprodusint, senarioskriuwer
bekenste
  produksje(s)
Baywatch (tillefyzjesearje)
Baywatch Nights
Baywatch (film)

Michael Berk (folút: Michael Jerome Berk; 19??) is in Amerikaansk filmprodusint en senarioskriuwer. Hy wurke yn 1980 mei Douglas Schwartz gear oan 'e tillefyzjefilm The Last Song, dêr't se yn 1981 foar nominearre waarden foar de Edgar Allan Poe Award yn 'e kategory bêste tillefyzjefilm of minysearje. Yn 1983 wiene Berk en Schwartz as senaristen belutsen by de tillefyzjesearje Manimal. Ek ûntwikkelen se de searje The Wizard (1986-1987), dêr't Berk boppedat as senarioskriuwer en ko-produsint yn behelle wie.

It bekendst waard Berk lykwols mei de aksjesearje Baywatch, dy't yn 1989 op NBC foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje kaam. Dy rige waard lykwols nei ien seizoen al stopsetten, ek om't er it net geweldich die, mar fral om't de produsearjende tillefyzjestudio, GTG Entertainment, opdoekt waard. Mei't se fûnen dat de searje potinsje hie, rjochten Berk, syn beide mei-produsinten Douglas Schwartz en Gregory J. Bonann, en haadrolspiler David Hasselhoff doe út eigen middels de tillefyzjestudio The Baywatch Company op, dêr't se de searje nij libben mei ynbliezen. Neitiid rûn Baywatch noch tsien seizoenen, oant en mei 2001. Fan it twadde seizoen ôf, dat útstjoerd waard yn syndikaasje, ûntpopte Baywatch him ta in ûnbidich súkses, oant de searje wrâldwiid op in stuit troch mear as in miljard sjoggers folge waard.

Berk wie ek produsint fan 'e tillefyzjefilms Baywatch: Forbidden Paradise (1995), Baywatch: White Thunder at Glacier Bay (1998) en Baywatch: Hawaiian Wedding (2003). de spin-offsearje Baywatch Nights, dy't rûn fan 1995 oant 1997, en de spylfilm Baywatch (2017), dy't loskes op 'e eardere searje basearre wie.

Ut syn houlik mei syn earste frou Michele, dat einige yn in skieding, hat Berk in soan, de akteur Joshua Berk.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.