Meissen

Ut Wikipedy
Meissen
Flagge Wapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Saksen
Lânkring Meissen
Sifers
Ynwennertal 28.231 (31.12.2020)
Oerflak 30,92 km²
Befolkingstichtens 913/km²
Hichte 106 m
Oar
Stifting 4e iuw
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 51° 10´N 13° 29´E
Webside Side fan Meissen

Meissen is in plak en in gemeente yn it Dútske bûnslân Saksen, op sa'n 25 km noardwestlik fan Dresden. It is de Kreisstadt fan de lânkring Meissen.

Meissen waard as delsetting stifte by in bocht yn de Elbe en waard oan it ein fan de 9e iuw foar it earst fermeld. Op in steile heuvel ferriisde yn de 13e iuw in goatyske dom, dy't yn de 19e iuw mei twa neogoatyske tuorren foltôge waard,


Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It histoaryske oansjen fan Meissen

Yn 920 stifte kening Hindrik de Fûgelfanger (919-936) de boarch Misnia. Dat wie yn in tiid fan eastlike útwreiding en ûnderwerping fan de Slaven. Om it kastiel hinne bleaune oant yn de 12e iuw Slavyske stammen wenjen en út it slavyske doarp Meisa ûnstie Meissen. Tsjin it ein fan de 12e iuw waard de delsetting in stêd, werfan't de stedsrjochten yn alle gefallen yn 1332 dokumintearre binne. Yn 968 stifte Otto I it bisdom Meissen, dat oant 1581 bestie en foar de kulturele ûntwikkeling fan Saksen fan grut belang west hat. Sûnt 1089 hearske it Hûs Wettin oer it gebiet en de boarch wie it sintrum fan it markgreefskip. Meissen bleau de residinsje oant Dresden Meissen ôfloste.

Sweedske troepen fernielden yn 1637 in grut part fan de stêd. Meissen kaam net mear oer de klap hinne en bleaun in stedsje sûnder grutte betsjutting. Mei de 19e-iuwske yndustrialisaasje en it oansluten op it spoar Dresden-Leipzig bloeide de stêd wer op.

Yn 1710 sette Johann Friedrich Böttger yn de boarch útein mei de produksje fan it ferneamde Meissener porslein, dat de namme Meissen oer de hiele wrâld bekend makke.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Jehannes en Donatusdom (Domplatz, goatysk)
  • De Albrechtsboarch (Domplatz)
  • It Bisschofsschloss (Domplatz, letgoatysk)
  • Domherrenstift (Domplatz)
  • Frauenkirche (Markt, letgoatysk)
  • Riedhûs (Markt, letgoatysk)
  • Trinitatiskirche (stedsdiel Zscheila, iergoatysk)
  • Tsjerke fan it Sint-Afrakleaster
  • Martinskirche (stedsdiel Plossen, oarspronklik romaansk)
  • Nikolaikirche (Triebischtal, iergoatysk)
  • Urbanskirche (stedsdiel Cölln, barok)
  • Wolfgangskirche (stedsdiel Obermeisa, letgoatysk)
  • Ruïne Heilig Kreuzkloster (stedsdiel Klosterhäuser)

Musea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Stadtmuseum, Heinrichsplatz 3
  • Kunstverein Meißen, Burgstraße 2
  • Thürmer Pianoforte-Museum, Martinstraße 12
  • Erlebniswelt Haus Meissen, Talstraße 9

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]