Medellín

Ut Wikipedy
Medellín
Ciudad de Medellín
Polityk
Lân Kolombia
Steat Antioquia
Boargemaster Federico Gutiérrez
Sifers
Ynwennertal 2.441.123
Oerflak 380,64 km²
1.152 km² (stêdekloft)
Befolkingsticht. 6.413/km²
6.925/km² (stêdekloft)
Stêdekloft 3.731.447
Hichte 1.495 m
Oar
Stifting 1616
Tiidsône UTC-5 (UTC-5)
Simmertiid UTC-5(UTC-5)
Koördinaten 6°13′ NB 75°35′ WL
Offisjele webside
www.medllin.gov.co
Lokaasje fan Medellín yn Antioquia en Kolombia

Medellín, offisjeel de Gemeente Medellín (Spaansk: Municipio de Medellín) is in stêd en gemeente yn Kolombia. It is ek de haadstêd fan it departemint Antioquia. Medellín is de grutste stêd fan dat departemint en de op ien nei grutste, nei Bogotá, fan it hiele lân. De stêd leit yn it breedste diel fan 'e Aburrá-delling, yn it Andesberchtme fan noardeastlik Kolombia. Neffens in rûzing yn 2016 hie de stêd likernôch 2,5 miljoen ynwenners. De stêdekloft fan Medellín, dêr't wol njoggen oare stêden by hearre, telt mear as 3,7 miljoen ynwenners.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1616 stifte de Spanjert Francisco Herrero Campuzano in lânseigen doarp (poblado), bekend as Sint-Laurentius fan Aburrá (San Lorenzo de Aburrá), dat op it plak fan de hjoeddeiske mienskip El Poblado lei. Op 2 novimber 1675 stifte de keninginne-gemalinne Marije Anna fan Eastenryk de "Stêd fan Us Leaffrou fan Candelaria fan Medellín" (Villa Nuestra Señora de la Candelaria de Medellín) yn de regio Aná, dat likernôch it hjoeddeiske stedssintrum omfiemet. De omkriten waard ynearsten Medellín neamd. Yn 1826 waard de stêd beneamd ta de haadstêd fan it departemint Antioquia troch de Nasjonale Gearkomste fan Grut-Kolombia, dat de hjoeddeiske lannen Kolombia, Fenezuela, Ekwador en Panama omfieme.Nei't Kolombia syn 1ûnôfhinklikens fan Spanje wûn, waard Medellín de haadstêd fan de federale steat Antioquia oant 1888, by it útroppen fan de Grûnwet fan Kolombia fan 1886. Yn de njoggentjinde iuw wie Medellín in dynamysk hannelssintrum, dat ynearsten goud útfierde, en letter kofje produsearre en útfierde.

Oan 'e ein fan de tweintichste iuw kaam Medellín gauris yn negatyf nijs te stean, troch benammen de hege kriminaliteit troch ûnder oaren de Kartel fan Medellín fan Pablo Escobar. De Feriene Steaten sleaten harren konsulaat yn de stêd en advisearren reizgers de stêd te mijen.

Yn de iere 21e iuw krige de ekonomy fan de stêd in nije oantrún, mei it bouwen fan it stelsel fan de Metro fan Medellín, makke it meitsjen fan ûntwikkelingsprojekten makliker, ferbettere de feiligens en ferbettere it ûnderrjocht. De stêd wurdt ynternasjonaal sjoen as in populêr plak foar saken en toerisme.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêdekloft fan Medellín is goed foar 67% fan de BYP fan it departemint Antioquia, en 11% fan dy fan Kolombia. Medellín is in wichtich mulpunt yn de regio om syn universiteiten, akadeemjes, hannel, yndustry, wittenskip, soarch, blommesiedzjen, en feesten.

Yn febrewaris fan 2013 waard Medellún troch it Urban Land Institute útroppen ta de meast ynnovative stêd fan de wrâld. Fierders hat de stêd ferskate ûnderskiedings krigen yn it ramt fan it ferbetterjen fan syn poltyk, ûnderrjocht en sosjale ûntjouwing.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It waar yn Medellín is oer it gânse jier hinne waarm, mei inkeld wat skommelings yn de temperatuer. Medellín hat in tropysk reinwâldklimaat. Om't Medellín 1500 meter boppe seenivo leit, is it klimaat dêre net sa waarm as op oare plakken dy't op deselde hichte fan de evener ôf lizze. Om't it op dy hichte, en ek yn it Andesberchtme leit, hat it klimaat suver mear fan in subtropysk as fan in tropysk klimaat. De trochsneed temperatuer is 22 °C, en om't it tichte by de evener leit, is de temperatuer it jier troch frij gelyk. Temperatueren kinne skommelje tusken 15 en 30 °C. Om it noflike klimaat, wurdt Medellín wol oantsjutten as La Ciudad de la Eterna Primavera (de stêd fan de ivige linte). Om't de stêd yn in delling leit, en de bûtenwiken op 'e oprin fan de bergen lizze, kin it dêr justjes koeler wêze.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.