Masedoanyske hûsmûs

Ut Wikipedy
Masedoanyske hûsmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje mûseftigen (Muridae)
skaai echte mûzen (Mus)
soarte
Mus macedonicus
Petrov & Ružić, 1983
IUCN-status: net bedrige

De Masedoanyske hûsmûs (Latynske namme: Mus macedonicus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte mûzen, dat nau besibbe is oan ús hûsmûs. Hy komt foar op 'e súdeastlike Balkan (Masedoanje, Grikelân, Bulgarije en Turkije), yn Lyts-Aazje en yn it noardwestlike part fan it Midden-Easten (Syrje, Libanon, Israel, Palestina en Jordaanje). Hoewol't er oarspronklik fan it fêstelân komt, hat er him ek ferspraat nei in grut tal Grykske eilannen. Op Kreta, dat fan âlds it domein wie fan 'e no útstoarne soarten Mus bateae en Mus minotaurus, komt er lykwols net foar, noch op Syprus, dêr't noch altyd de lânseigen Syprioatyske mûs (Mus cypriacus) libbet.

Nettsjinsteande syn namme komt de Masedoanyske hûsmûs net binnendoar foar, en likemin libbet er yn bosken. Hy jout de foarkar oan greidlân, nôtfjilden, berms en grientefjilden, mar komt ek yn in ferskaat oan oare habitats foar.

De Masedoanyske hûsmûs waard foar it earst beskreaun yn 1983, troch de wittenskippers Petrov en Ružić. Der binne Midden- oant Let-Pleistosene fossilen bekend út Israel. De namme "Mus camini Bate, 1942" is sadwaande nei de hjoeddeistige ynsichten wierskynlik in âldere namme foar Mus macedonicus, al moat dêrby opmurken wurde dat de Israelyske populaasje genetysk sterk ôfwykt. De Masedoanyske hûsmûs wurdt soms "Mus abotti Waterhouse, 1838" of "Mus tataricus Satunin, 1908" neamd, mar dy beide nammen fertsjintwurdigje in echte hûsmûs (Mus musculus), en net Mus macedonicus. Ek de oantsjutting "Mus spretoides Bonhomme et al., 1984" komt wol foar, mar dat is in nomen nudum, en boppedat is de namme "Mus macedonicus Petrov & Ružić, 1983" âlder.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.