Margareta fan Savoaie

Ut Wikipedy
Margareta fan Eastenryk as widdo, skildere troch Bernard fan Orley
Stânbyldfan Margareta fan Eastenryk yn Mechelen

Margareta fan Savoaie, ek wol bekend as Margareta fan Eastenryk (Brussel, 10 jannewaris 1480 - Mechelen, 1 desimber 1530), wie hartoginne fan Savoaie, lânfâdesse fan de Nederlannen, en de ienige dochter fan keizer Maksimiliaan I fan Eastenryk en Marije fan Boergonje.

By de frede fan Atrecht (1482) tusken Loadewyk XI fan Frankryk en har heit waard bepaald dat de twajierrige Margareta har ferlove mei de doe trettjinjierrige Karel VIII, de Frânske dauphin. Margareta groeide op oan it Frânske hof. Neidat Maksimiliaan I yn 1491 by folmacht boaske mei Anne, de erfdochter fan it hartochdom Bretanje, grypte Karel VIII yn. Hy twong Anne fan Bretanje om mei himsels te trouwen. De opside skode Margareta waard yn 1493 by de Frede fan Senlis oan har heit, Maksimiliaan, weromjûn.

Yn 1497 reizge Margareta per skip nei Santander yn Spanje. Op 3 april 1497 boaske se yn Burgos mei Johan fan Kastylje, de troanopfolger fan Spanje. Dy beswykte lykwols fiif moanne letter oan tuberkuloaze. In pear moanne letter krige Margareta in deaberne dochter.

Op 5 maart 1500 kaam Margareta oan yn Gint, dêr't de berte fierd waard fan Karel (de lettere keizer Karel V), de soan en erfopfolger fan har broer Filips de Moaie. Op 28 novimber 1501 boaske se mei hartoch Filibert II fan Savoaie, mar se ferlear har twadde man amper trije jier letter: Filibert stoar nei in jachtpartij op in gleone dei, doe't hy in soad iiskâld boarnewetter dronken hie. Margareta naam har doe foar om oant de ein fan har dagen de widdokape te dragen en ferwurde har rougefoelens yn Frânsktalige gedichten. Hja liet in tsjerke sette tyn it Frânske Brou tichtby Bourg-en-Bresse, as oantinken oan har man.

De hartoginne gie werom nei de Nederlannen, dêr't keizer Maksimiliaan (regint nei de dea fan Filips de Moaie) har op 18 maart 1507 belêste mei de lânfâdij. Margareta regearde fanút it Hof fan Savoaie yn Mechelen, wêrnei't dizze stêd de haadstêd fan de Nederlannen waard. Foar it bestjoer fan dy goaen die se benammen in berop op de Geheime Ried. Yn har beliedsperioade wie se tige begien mei de belangen fan de Habsburchske dynasty en stie se erchtinkend foar it Frânske foarstenhûs oer.

Doe't se kontakt socht mei de kening fan Ingelân, Hindrik VII, fersloech dy mei it leger fan Maksimiliaan de Frânske troepen yn Normandje en kaam troch har bemiddeling op 10 maart 1508 de Liga fan Kamerijk ta stân. Dêrby waard ûnder oare de jonge aartshartoch Karel foarbestimd te boaskjen mei Maria Tudor, dochter fan de Ingelske kening.

Doe't har neef Karel yn 1515 mearderjierrich ferklearre waard, leefde se in skoftlang weromlutsen. Neidat Karel nei Spanje ôfsetten wie om der nei it ferstjerren fan Ferdinand II fan Aragón de troanopfolging waar te nimmen, waard Margaretha,'la bonne tante', foar de twadde kear belêste mei de regearing oer de Nederlannen.

Opnij behertige se benammen de belangen fan Habsburch. Ien fan har súksessen wie de ferkiezing fan Karel V ta keizer (1519), wêrtroch't de oarloch tsjin Frankryk wer begûn (sjoch slach by Pavia), wêrby't de Frânske kening de soevereiniteit oer Arteezje ferlear. Tegearre mei de keninginne fan Frankryk die se war foar in fergelyk, wat op 3 augustus 1529 ta de Damesfrede fan Kamerijk late, wêrby't Frâns I definityf ôfstân die fan alle oanspraken op Flaanderen en Arteezje. Der kaam hjirmei in tydlik ein oan de Italjaanske oarloggen. Yn de lêste tsien jier fan har bewâld liet Karel V it hiele bestjoer oer de Nederlannen op har skouders rêste.

Margareta's regearing wurdt beskôge as in tiid fan relative rêst en wolfeart. Dochs barden ûnder har bewâld de earste eksekúsjes fan protestanten, benammen de Antwerpse muontsen Hindrik Voes en Jan fan Essen, dy't op 1 july 1523 op de Grutte Merk fan Brussel ferbaarnd waarden. Yn de noardlike Nederlannen waard Jan de Bakker út Woerden de earste protestantske martler. Yn 1525 waard hy yn De Haach, yn har oanwêzichheid op de brânsteapel ta de dea brocht. Fierders slagge hja der mei lijen yn om de ivige lêstpost Karel fan Gelre yn de slepende Gelderske Oarloggen yn de stringen te hâlden. Pas yn 1528 waard dizze Karel twongen om de Frede fan Gorkum te sluten, mar Gelre soe oant nei syn dea yn 1538 syn selsstannichheid hâlde (pas yn 1543 waard Gelre definityf ûnder Habsburchs tafersjoch brocht).

Om in slepende skonkkrupsje liet hja yn 1530 har bestjoerstaken oer oan in waarnimmend lânfâd, Antoon I fan Lalaing, greve fan Hoogstraten. Op 30 novimber 1530 diktearre hja op har stjerbêd yn Mechelen har lêste brief, mei har testamint oan Karel V, dy't se mei klam frege om de frede te bewarjen, mei de kening fan Frankryk mar ek dy mei Ingelân. Margaretha ferstoar yn de nacht dêrop. Karel V beneamde syn suster Marije fan Hongarije as har opfolchster.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • D. Eichberger (ed.), Women of Distinction: Margaret of York, Margaret of Austria, Leuven-Turnhout 2005
  • J. de Iongh, Madama: Margaretha van Oostenrijk, hartoginne fan Parma en Piacenza, 1522-1586, Amsterdam 1965